Jezus’ begraffenis
Resint ferskynd
Ferhaal fan Foekje-Fleur Fink (út de rige Dit is de dei…)
Sara en Simon folgje Jezus
Sara en Simon belibje – mei harren grutte broer Daniël, heit en mem, pake en oare famylje – de ferhalen fan ‘Dit is de dei…’. De hiele famylje is doopt yn de Jordaan en begjint ‘in nij libben’. Dat makket dat se Jezus folgje op syn reizen troch Palestina en op de besiten dy’t Er ôfleit. Soms binne Sara en Simon derby as Jezus minsken better makket. Of se hearre fan pake, harren grutte broer Daniël en oaren oer Jezus. Dizze wike is de famylje foar it Pesachfeest yn Jeruzalem. It soe allegear sa moai wurde, mar alles rûn oars as dat se ferwachten. Yn ‘e poarte hearden se dat Jezus al ferstoarn wie.
Jezus’ begraffenis (by Lukas 23, 44-56)

boarne: pixabay.com
Njonken Maria fan Magdala stie Joazef. Doe’t Maria fan Jezus’ krusiging ferteld hie, sei er: “En ik wie der by!”
Sara flústere heit yn ’t ear: “Wa is dat, heit?”
Heit sei: “Ssst… dat is Joazef. Hy komt út Arimatéa en is lid fan de Hege Rie.” Joazef prate lûd en dúdlik doe’t er sei: “Ik bin it der absolút net mei iens wat hjir bard is! Jezus hat minsken holpen dy’t siik, earm en iensum wiene. Binne se dat no al wer fergetten?”
Simon knikte. Hy woe wol sizze: Jezus hat ek in freon fan ús heit better makke. Mar hy doarst it net sa goed by al dy grutte minsken.
“En ik ha my der noch wol sa bot tsjin ferset doe’t de Hege Rie Jezus feroardiele”, sei Joazef. “Mar ik koe allinne neat dwaan.”
Heit en mem lutsen ek oan ’e skouders. Se begriepen hiel goed wat Joazef bedoelde. Sy hiene sels ek sa machteleas west doe’t de minsken rôpen: “Hy moat oan it krús!”
Doe fertelde Joazef wat hy noch wol foar Jezus dwaan kinnen hie.
“Ik seach de minsken dy’t by de krusiging oanwêzich west hiene, nei hûs ta gean. Se wiene hastich, want it duorre mar efkes mear as it wie sabbat. Thús moasten de sabbatsljochten oanstutsen wurde.
Doe’t ik nei de loft seach, skrok ik, want ik betocht ynienen dat de lichems fan de trije ferstoarne minsken noch foar de sabbat begroeven wurde moasten. De Romeinske soldaten soene dy mar gewoan hingje litte. Ik tocht: dat kin écht net! Ik ha neat foar Jezus dwaan kinnen. Mar dit kin ik noch wol foar Him dwaan.
Doe bin ik daliks nei it hûs fan Pilatus rûn om te freegjen oft ik it lichem fan Jezus begrave mocht. Dy fûn it goed as der mar net mear oer Him praat wurde soe. “It moat no út wêze mei dy Jezus.”
Ik bin hastich werom rûn.
Dizze froulju – Joazef wiisde nei Maria fan Magdala, Johanna en de oare Maria – hawwe altyd by Jezus west. Sy ha my holpen om it lichem fan Jezus fan it krús ôf te heljen. Wy ha in grêf útsocht dêr’t noch nea earder in deadenien yn lein hat.
Ik ha it lichem fan Jezus yn linnen doeken bewuolle. Dêrnei ha we Him yn it grêf lein en in grutte stien derfoar rôle. Doe binne we gau werom nei Jeruzalem gien.
Nei de sabbath sille de froulju it lichem fan Jezus mei krûden en salve fersoargje.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje