Jan Bosgraaf: Doch mar gewoan…

april 9, 2022 07:00

Kollum

Mear as 15 miljoen minsken seagen yn maart nei de jierlikse útrikking fan de Academy Awards, better bekend as de Oscars, yn it Dolby Theatre yn Hollywood. It prizesirkus, want in sirkus is it, yn Los Angeles is al jierren ûnderwerp fan diskusje. De útstjoering soe te ferfeelsum wêze en te lang duorje. De organisaasje hie tasein, dat it diskear net langer as trije oeren duorje soe. Dochs waard it noch ryklik fjirdeheal oere. Nei ôfrin oerhearske ien foarfal it nijs. Dat wie de klets dy’t akteur Will Smith útdielde oan de presintator, de kommediant Chris Rock. Dy makke in grap oer it hier fan Smith syn frou, dy’t oan de hiersykte alopecia lijt. Dat skeat de akteur yn it ferkearde kielsgat. Hy kaam út syn stoel, stapte op de grapmakker ta en joech him in feech oer de snút. Dat hie er better net dwaan kinnen, mar jonge noch ta, wat joech it in opskuor. Op dat stuit net sasear, want ‘the show must go on’, mar benammen dêrnei yn de (sosjale) media. Leave santjin, wat in oerdreaune reaksjes om sa’n akkefysje. Dy iene klap ferkrong it nijs oer de oarloch yn Oekraïne fan de foarsiden fan guon kranten. As soks yn Amearika bart, is dat noch wol te begripen, want dêr is Oekraïne hiel fier fuort. De measte Amerikanen witte net iens wêr’t it lân leit. Mar dat soks ek yn Europa en yn Nederlân bart, jout te tinken. Boppedat falt it op, dat der hast allinne oer de klap skreaun en praat waard en net oer itjinge de presintator sein hie. It wie ommers mar in grap, sa’t er sels sei. Under dy skyn moat tsjintwurdich alles sein wurde kinne. Wy hawwe ommers frijens fan mieningsutering. Dêr skine gjin grinzen oan te wêzen. Mar in oplawibus jaan, dat mei net. Fij! Sadwaande krige it mûske noch gâns in sturtsje. Wat in kâlde drokte.

Boarne: pixabay.com

Der falt lykwols noch wat oars op. Njonken de striid dêr’t it winliken om giet, spilet him ûnder de froulju noch in striid ôf. Wa draacht op de reade loper de djoerste en opfallendste jurk? Tajûn, der binne moaie kreaasjes by. Mar ek útwrydske eksimplaren en jurken dy’t net folle om ’e hakken hawwe. Better sein, liven dêr’t net folle jurk omhinne sit. Wat dat oanbelanget hawwe de manlju it in stik makliker. In smoking is bêst genôch. Der rint wol ris immen tusken mei in ferrekkelinkje yn in ôfwikende kleur, mar dêr bliuwt it by. Sok dwaan fynt men yn de natuer net werom. Yn de bistewrâld hat it mantsje de langste moanjes, de moaiste fearren en de prachtichste kleuren. En it mantsje hellet alle mooglike kaprioalen út om yndruk op it wyfke te meitsjen. Yn de minskewrâld wurket it sa’t it liket krekt oarsom. Alteast yn de wrâld fan ‘glitter and glamour’.

Wat meie wy yn Fryslân dan bliid wêze mei ús eigen Award, ús eigen Oscar: ús Gouden Gurbe. De jierlikse iepenloftspulpriis fan de Ljouwerter Krante. By de útrikking dêrfan sjocht men gjin bûtenwenstich klaaide en oerdreaun optoatele froulju en gjin manlju yn smoking. Wy binne in folk fan doch mar gewoan, dan dochst al gek genôch. Boppedat is ús Gouden Gurbe, op klompen en mei de pet op ’e holle, al moai genôch. Lit ús hoopje dat der dit jier wer genôch iepenloftspullen binne om de prizen út te rikken. Dat sil dan de fyftjinde kear wurde.

april 9, 2022 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.