It ferset fan Ketlik yn de Twadde Wrâldoarloch

april 30, 2022 07:29 Fernijd

Ferhaal

It ferset, dat yn it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch wol de ûndergrûnske neamd waard, wie earst net goed organisearre, mar doe’t de NBS (Nederlandse Binnenlandse Strijdkrachten) oprjochte waard, mei Prins Bernhard as opperbefelhawwer, gie dat better. Yn Mildaam en Nijhoarne kamen ôfdielingen fan it ferset dêr’t ferskate lju út Ketlik har by oansleaten.

De ôfdieling Ald- en Nijhoarne hie syn gearkomsten yn kafee Schreur en by kapper De Vries. It ûnderrjocht fan hoe mei wapens om te gean waard by C. van der Bijl oan de Bûtewei yn Nijhoarne jûn. Ut Ketlik wei sieten ûnder oaren Liekele Mulder, Sietse de Haan, Jelle Broersma en de bruorren Anne en Tjalling Hoekstra by dy ôfdieling.

De Moskoupleats. Foto Lammert Sloothaak

De nedige munysje en springstof waard út Ingelân wei regele. Der wiene wapendroppings yn it Ketliker Skar. Op it plak dêr’t dy delkamen stiet no in tinkteken. De leden fan de NBS hellen by ’t tsjuster de dropte wapens op. Der hawwe fjouwer fan dy droppings west. ‘Sideboard’ wie de koadenamme foar de droppings yn Ketlik. Op de Moskoupleats, dêr’t Liekele Mulder doe boer wie, en op it Slotsje yn it Ketliker Skar fan de famylje Bieruma-Oosting wiene radio’s ferstoppe. Dêr waard nei de útstjoerings fan de Ingelske BBC harke. Kaam der in berjocht lykas ‘Willem neemt vannacht vier dekens mee’, dan betsjutte dat dat der fjouwer konteners mei wapens dropt wurde soene. Nei sa’n berjocht waard elkenien warskôge en giene leden fan it ferset nei de Moskoupleats. Bytiden kamen der wol tweintich persoanen op de buorkerij tasetten. Foar dy lju waard dan in miel iten makke, want it koe nachts wol let wurde.

De wapens hellen se mei hynder en wein op. De hynders krigen jutesekken om de poaten bûn, sadat se net te hearren wiene. It plak fan de dropping waard mei ljochtsjes markearre. It ferhaal gie dat der ek alris in hynder losbrutsen wie dat yn it tsjuster it paad werom sels wol fine koe.

De wapens en munysje sieten yn konteners oan in parasjute fêst. It kaam wol foar dat de konteners yn de loft iepenbrutsen en dan moast der yn de lannen bûten it Skar socht wurde. De konteners waarden op de weinen laden en de ynhâld brochten se nei Sytse de Haan en Liekele Mulder. De parasjuten kamen yn de petgatten efter de pleats fan Berend de Kroon telâne.

Oerdei brochten se de wapens en munysje mei hynder en wein, kamûflearre troch hea en strie, teplak. Underdûkers en piloaten waarden ek wol op sa’n wize ferfierd.

De wapens waarden ûnder it hea ferstoppe en sa ferfierd. Foto Lammert Sloothaak

De NBS hat in soad goed wurk dien yn it ferset, mar spitigernôch sieten der wolris rottige apels ûnder. Ferrieders. Yn de omkriten fan Ketlik kaam dat ek foar en as se dêrefter kamen, waarden der maatregels nommen.

Ien út Gelderlân wie saneamd oppakt en yn Crackstate op it Hearrenfean ynsletten. Alhoewol’t er yn de finzenis moast, waard er by tafal yn Jobbegea ûntdutsen. Hy moat in protte nammen oan de Dútsers trochjûn ha, want in soad lju dy’t oan wapendroppings meidiene waarden letter oppakt. Dat wie ûnder oaren it gefal mei de bruorren Anne en Tjalling Hoekstra, Sietse de Haan, Jelle Boersma en Riekele Heida út Ketlik en Van der Bijl út Nijhoarne.

Tjalling Hoekstra moast op befel fan de besetter oanwize wêr’t Bouwe van Ens wenne, dy’t doe op 25 jannewaris 1945 oppakt is. Dy hold him net allinnich dwaande mei de wapendroppings, mar ek mei it helpen fan ûnderdûkadressen foar Joaden. Bouwe hie in rotsfêst leauwe yn God en akseptearre wat der komme soe. Hy wie wol warskôge om ûnder te dûken, mar dat woe er net. Hy is op Crackstate ôfgryslik tamtearre, mar de Dútsers hawwe gjin wurd út him krige.

Jelle Boersma, doe 34 jier, waard flak foar de befrijing noch eksekutearre. Dat wie omdat by de Lemmer twa Dútske plysjeminsken troch guon fan de NBS deasketten wiene. Jelle en noch njoggen finzenen út Crackstate binne yn Dunegea troch in fjoerpeloton út wraak deasketten.

Hjir wiene de droppings. Foto Lammert Sloothaak

Liekele Mulder fan de Moskoupleats wie in kear bang dat se him ek oppakke soene en gie nachts nei it Skar om te sliepen, mar fan sliepen kaam net folle, want it risseljen fan beammen en de lûden fan it wyld holden him út ’e sliep. Hy hat it net wer besocht.

Underdûkers wiene somtiden wol foar in koarte of langere tiid yn Ketlik. Dat hold in risiko yn, mar dat wjerhold de Ketlikers net om minsken dy’t yn noed sieten yn harren wente op te nimmen.

By de famylje Stilma oan de Skoatterlânskedyk siet in ûnderdûker yn in apelbeam, doe’t der in Dútser de dyk lâns fytste. Hy waard sa benaud dat er út de beam sprong en útnaaide. Dat hie er better net dwaan kinnen, want doe kaam de Dútser him efternei. Hy koe lykwols ûntkomme. Hy is dêrnei by de famylje Woudstra as ûnderdûker kommen.

By de famylje Neef hat in jonkje fan fiif jier it lêste oarlochsjier ûnderdûkt sitten. It wie in soantsje fan in dokterspear út Ljouwert dat sels ek ûnderdûkt wie. It jonkje hie as skûlnamme Tino, wylst syn eigen namme Martin wie. Hy hie, foardat er by de famylje Neef kaam, al ferskate adressen hân. Aaltsje Neef en foaral har dochter Jeltsje hawwe doe foar him soarge. Doe’t syn âlden him wer ophellen, koe er se net mear. Jeltsje hat in poaske mei west nei Ljouwert om Martin wer oan syn eigen âlden wenne te litten.

Evakuees
Andries van Roeden, berne yn Bontebok en troud mei Janke van der Honing, berne oan de Aaltsjeleane yn Ketlik, wie yn de tritiger jierren nei Rotterdam ferhuze. Hy wurke doe by de Heide Maatschappij. Yn de oarloch moasten Andries en syn soan Geert foar de Dútsers yn Dútslan wurkje. Underwilens waard it iten yn Rotterdam krap en gie Janke, lykas safolle minsken yn dy tiid, op de fyts by de boeren bûten Rotterdam lâns om iten te keapjen. De minsken moasten op ’t lêst hieltiten fierder fan hús om wat te krijen. Yn 1944 is Janke mei de trein in pear kear ôfreizge nei Fryslân en kaam dan mei iten yn Rotterdam werom.

Yn maart 1945 naam se it beslút om mei har skoandochter en dy har poppe yn de bernewein rinnend nei Fryslân te gean. De treinen rieden doe al net mear. Fia famylje yn Utert en Amersfoart reizgen se troch nei Hattem en Swol. By de brêge oer de Isel waarden se troch Dútske soldaten weromstjoerd. Doe krigen se ek noch maleur mei de bernewein, mar attinte bewenners joegen harren it adres fan in smid dy’t hiel behelpsum wie en de bernewein reparearre. En hy soarge ek foar in kontaktpersoan dy’t har mei in boat nei de oare kant fan de Isel brocht. De Isel wie in ferdigeningsliny fan de Dútsers, dat der moast foarsichtich oerstutsen wurde. Dat barde by ’t tsjuster. Fia famylje yn Wolvegea binne se op ’t lêst op de Weversbuert by Pytsje en Sies Douwenga arrivearre. Pytsje wie in suster fan Janke. Se hiene dêr in winkel. Se wiene net grut behuze, dat der wie eins gjin plak foar trije minsken, mar de heit fan Janke, Jan Yntzes van der Honing, hie mear romte en dêr binne se doe hinnegien. Yn july 1945 binne se wer nei harren hûs yn Rotterdam gien.

Oant safier in ferhaal oer Ketlyk yn oarlochstiid.

Boarnen:
Katlijk door de eeuwen heen – De Tweede Wereldoorlog
Dit ferhaal stie yn de doarpskrante De Raaptepper. Mei tank oan de redaksje dat ik it oernimme mocht. Neiferteld en nei it Frysk oerset troch Jangerben Mulder.
De foto’s fan Lammert Sloothaak waarden neibewurke troch Janke Mulder.
april 30, 2022 07:29 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.