It antwurd moat fan de polityk komme

april 7, 2022 17:21

 

Pier Bergsma nimt nei tolve jier ôfskied fan de Ried fan de Fryske Beweging.

Pier Bergsma (78) hâldt nei tolve jier op mei syn bestjoerswurk foar de Ried fan de Fryske Beweging. De lêste fjouwer jier wie er foarsitter. In opfolger hat de hân noch net opstutsen. ‘Hoe hâlde wy dit mei-inoar op poaten?’

YNTERVIEW

Abe de Vries

Boarne: argyf Pier Bergsma

Begjin maart hat Pier Bergsma al ôfskied fan it bestjoer nommen, en vice versa, op in bysûndere bestjoersbyienkomste yn it Reade Hynder yn Wommels. Freed 1 april falt de offisjele bile. Mar op 23 april sil er dochs noch de jiergearkomste liede fan de Ried yn it Oranjehotel yn Ljouwert. Hooplik is dan bekend wa’t syn plak as foaroanman ynnimme sil. Ek siket de Ried noch om in opfolger foar it ôftreden bestjoerslid Fokje Koster. ,,It is dreech. De fiver is lyts”, seit Bergsma de realist.

Hat it oait oars west? De Ried striidt al sûnt syn oprjochting yn 1945 foar in better plak foar it Frysk en Fryske kultuer. En al desennia lang hat dizze lobbygroep fan oansletten organisaasjes de wyn net mear sa moai yn ’e rêch as yn ’e begjinjierren. Anno 2022 is de werklikheid dat guon klups ,,bot ferâlderje”, seit Bergsma. Hy neamt it Selskip 1844, de Warns-betinking, it Frysk Boun om Utens dat takom jier hûndert jier bestiet.

Segeningen en útdagingen
Wy prate op in moaie maartedei yn Ljouwert, yn Tresoar. Bergsma – behindich man, sniewite krollen, rappe prater – hat yn it deistich libben direkteur west fan kristlike basisskoallen yn Hurdegaryp en Noardburgum.  Foar dizze krante is er ek op in oar mêd gjin ûnbekende; foar it Friesch Dagblad skreau er tolve jier lang kollums oer ûnderwiis en opfieding.  No telt er by syn ôfgean de segeningen mar ek de útdagingen fan de Ried.

,,Us ynset is, en hat altyd west: hoe hâlde wy dit mei-inoar op poaten? Mear gearwurking is mooglik én winsklik. Ek al sit net elkenien op itselde spoar. Ien fan de opsjes is fusearje. Sadat bygelyks minder bestjoersleden noadich binne. It is ien fan de punten op de wurklist foar 23 april.”

De minsken ha te min yn de rekken dat har identiteit ûnder druk stiet.

Wat de Ried graach wol, is dúdlik. ,,Wy hawwe trije spearpunten: better Frysk ûnderwiis, it ekonomysk nut fan Fryske taalbehearsking fergrutsje, en de taal better sichtber meitsje yn it iepenbiere libben.” Mar it sjit, foarsichtich sein, net hiel hurd op mei de realisearring fan dat program. It is in kwestje fan lytse stapkes sette en oanhâlde as storein, seit Bergsma. ,,Kinst lykas de ek by ús oansletten Jongfryske Mienskip wol hiel aktivistysk wêze, mar it antwurd moat úteinlik fan de polityk komme.”

De Ried, seit er, hat jild en goede konneksjes yn De Haach. De Ried hat in politike kommisje, dêr hawwe ûnder mear bekende politisy as Aukje de Vries (VVD) en Harry van der Molen (CDA) in sit yn. ,,Yn De Haach is men oer ’t generaal net negatyf oer it Frysk. Dat is ien fan de ljochpuntsjes.”

Sindingswurk
Mear sindingswurk, sa liket it wol, is op it thúsfront noadich. ,,Sa’t it no is, kin har taal de measte Friezen gjin sprút skele. Persoanlik bin ik dêr op termyn net gerêst op. Eins soe it regear it Frysk noch slimmer skouderje moatte. Dan bart der faaks wat. De minsken ha te min yn ’e rekken dat har identiteit ûnder druk stiet. In ferskil mei oare minderheidstalen yn Europa is dat wy gjin eigentalich kultureel sintrum hawwe, dat is in grut neidiel.”

Fryske bewegers roeie by definysje tsjin de stream yn. Bergsma, dy’t ûnder mear de ynternasjonale kontakten fan de Ried yn portefeuille hie, sjocht fansels wol dat minderheidstalen yn it bûtenlân likegoed ûnder druk stean. Mar feit is ek, seit er, dat foar bygelyks it Gaelic, it Welsh en it Baskysks folle mear út ’e kast helle wurdt as foar it Frysk as it om ûnderwiis en kultuer giet. ,,Wy ha wol tsjin de deputearre sein: ferplichtsje mûnlinge en skriftlike behearsking fan it Frysk foar amtners dy’t yn ús provinsje wurkje. Dát soe in ferskil meitsje.”

Hertewinsk
In oare hertewinsk is dat mear Fryske organisaasjes har uterje yn it Frysk en net inkeld mar it Nederlânsk brûke. ,,It Fryske Gea, Keunstwurk, Doarpswurk. Sokke en oare klups skriuwe wy brieven, wêrom’t sy net of mar in hiel lyts bytsje Frysk brûke. Mear minsken sille begripe dat it Frysk derta docht as se har belied feroarje. Bytiden reagearje se hielendal net. De provinsje soe har dêr op oansprekke moatte. En byneed har subsydzje koartsje as se net meiwurkje.”

Teloarstelling
In teloarstelling is dat Dingtiid sa’n bytsje betsjut, seit er. En ek fan de bepalingen yn it Europeeske Hânfêst foar minderheidstalen komt net folle telâne. ,,Fan ’t jier komt de Ried fan Europa wer op besite om te sjen hoe’t it giet. It is in ritueel. Wy lizze it út, mar der feroaret neat. It regear hâldt him net oan syn tasizzingen om it Frysk folle better yn ’e merk te setten. Der binne wol beliedsôfspraken, mar dêr wurdt te min hannen en fuotten oan jûn.”

Hat it allegear noch wol doel? ,,Wy tinke fan wol”, komt mei oertsjûging it antwurd. ,,Wy prate mei de polityk, dogge in soad lobbywurk, wy bringe ItNijs.frl op ynternet en op papier it fearnsjierblêd De Nije. Dêr ha wy in ridlik sukses mei. De Nije hat in oplaach fan 1100, en foar fiif- oant seishûndert dêrfan wurdt betelle. Je moatte ek in bytsje relativearje kinne. Der binne in hiel soad dingen dy’t miskien net dalik sa by de minsken libje, mar dy’t dêrom net minder belangryk binne.

Dit fraachpetear waard op freed 1 april publisearre yn it Friesch Dagblad

 

 

 

 

april 7, 2022 17:21
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin2.0 april 9, 10:41

    De Jongfryske Mienskip hiel aktivistysk? Sa aktivistysk binne sy net. Allegear braaf en binnen de lyntsjes. Dat seit in hiel soad oer de skriuwer…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.