It âlde sankje

april 7, 2022 21:41

Ynstjoerd

As wy de ûndersiken leauwe meie, dan binne wy yn Fryslân tige wiis mei de Fryske taal, mar as op it brûken fan dy taal oankomt binne der in sekfol ferlechjes te betinken om jin derfoar wei te winen. Yn de LC fan 7 april stiet in Te Gast fan immen dy’t himsels ‘Belangenbehartiger ANWB Noord-Nederland’ neamt. (Op de thússide fan de ANWB koe ik syn namme yn it rychje Belangenbehartigers net fine.) Nei oanlieding fan it krewearjen foar mear sichtberens fan it Frysk yn it maatskiplik ferkear troch de Jongfryske Mienskip wol de belangebehertiger ús behoedzje foar de grutte gefaren dat soks opleverje sil. As Frysk de noarm wurde soe op de ferkearsbuorden, dan soe de ferkearsûnfeiligens tanimme. “Dat lijkt de ANWB vanuit verkeersveiligheid en inclusiviteit geen goed idee”, skriuwt de belangebehertiger. Dat ropt by my de fraach op oft dit it offisjele stânpunt fan de ANWB is. Wat wurdt der eins bedoeld mei dat ‘inclusiviteit’? Is dat ynklusyf alles mar eksklusyf Frysk en de Friezen?

Wa syn belangen behertiget dy man eins mei syn simplistyske ferwizing nei it buordsje mei fytspaad derop? As lid fan de ANWB: my yn elts gefal net. Sjogge jimme dy earme fytsers ek al ferheard foar it buordsje stean mei de fraach: “wat no?”. Wat sil dat buordsje it ferkear yn gefaar bringe: je moatte der net oan tinke hokker gefolgen dat ha sil. De skriuwer wol ha dat de taal op sokke buordsjes duorsum is, seit er. Dat docht it altyd goed yn dizze tiid. Dêr kinne je it Frysk net foar brûke, teminsten dat meitsje ik derút op. En dêrmei is it wer it âlde sankje: wy binne tige wiis mei it Frysk, mar net yn skoalle, net op de preekstoel en net yn it ferkear. Jierren ferlyn, doe’t de gemeenteried fan Tytsjerksteradiel de Fryske nammen op de kombuorden ha woe, waard dy plaat ek al griis draaid. As der Burgum op de buorden komt, kin net ien dat plak mear fine. Frachtweinen ride doelleas troch it lân, de ekonomy stoart yn en nimmen wol mear nei Fryslân ta. Bedriuwen en ynstellingen lûke har út de provinsje werom. De praktyk blykt oars te wêzen. Earnewâld hat net te lijen hân fan syn Fryske namme. Eltsenien is deroan wend en de rûteplenner bringt elkenien teplak.

Dochs frjemd dat safolle minsken roppe dat se wiis binne mei it Frysk, mar as it op it brûken fan dy taal oankomt it ôfwitte litte. Ek al stiet der in rûn blau boerd mei in fyts derop by it buordsje mei de namme fytspaad, foar in protte giet dat te fier. Je hearre net ien oer ûnfeiligens troch de taal op de ferkearsbuorden yn Hongarije, Turkije of oer it syrilysks yn Bulgarije. Elkenien fynt dêr syn paad, mar yn Nederlân heart it ‘uniform’ te wêzen om de krimmenearder yn Te Gast nochris oan te heljen.

Wy sille noch hiel lang dit soarte fan ferlechjes as de hjir neamde ferkearsfeiligens oanhearre moatte. Sadree’t immen útstelt om tenei Frysk te brûken, wurde dit soarte fan ferlechjes betocht om de skoattel op ’e doar te dwaan. Der hat earder in lid fan in korps betanke, omdat de thússide fan it korps yn it Frysk wie, mei as argumint dat de famylje yn Limboarch it dan net lêze kinne soe. In fraach dêr’t mear minsken har de holle oer brekke: hoe kinne je dy hybride hâlding fan de minsken yn Fryslân trochbrekke sadat wy de âlde sankjes foar altyd kwyt binne?

Jabik van der Bij

 

 

april 7, 2022 21:41
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Lútsen april 8, 10:40

    Dy griisdraaide plaat spilet hiel slûchslim yn op de yngreven eangst fan Friezen om net mear ‘fatsoenlik, wurdearre, leaf en beskaafd’ fûn te wurden troch de rest fan Nederlân. De stap nimme om ús taal op it foarste plak te setten, griist ús oan! It is as de coming out fan de homo: wurd ik dan net ferstjitten? Sa ferklearje ik de “hybride hâlding”, Van der Bij. Dus net mear harkje nei dy plaat en net mear omtinken oan jaan LC. Jou it gjin poadium mear, om it modern te sizzen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.