In Omrop foar elkenien
Resint ferskynd
Ynstjoerd

Foto © Omrop Fryslân
Omrop Fryslân hat in bysûndere posysje yn it publike omropbestel fan Nederlân: wy binne de iennige dy’t de Fryske taal foar kar nimt yn al syn uterings. In kommersjeel bedriuw soe der net oer tinke om hjir ek mar de diskusje oer oan te gean, mar dochs liket it derop dat guon ha wolle dat we hjirmei ophâlde om’t it minsken bûtenslute soe. De stream oan mieningen nei it Sieperda Sympoasium, yn in protte gefallen fan minsken dy’t dêr sels net by wiene, freget om in reaksje. Wat foar ús dan wer apart fielt, want ús talige sitewaasje is nei ús betinken sa gewoan as wat.
De twadde rykstaal yn ús provinsje hat it net maklik. Provinsje en oare oerheden dogge yn ’e mande mei organisaasjes as Afûk en Cedin in protte war om dy posysje te ferbetterjen. Omrop Fryslân is fansels in mediabedriuw en gjin taalbefoarderer, mar troch it konsekwint brûken fan it Frysk kin ús betsjutting foar it fuortbestean fan taal en kultuer hast net oerskat wurde. Dêrfan binne we ús bewust, nettsjinsteande it feit dat kommunikaasje foarop stiet. Omrop Fryslân is in ferbinende faktor en wol dat út oertsjûging en út syn publike opdracht wei ek wêze. De taal spilet dêr in krúsjale rol yn.
Feitlike sitewaasje
Lit ús foarop stelle dat hast 95 % fan de ynwenners fan Fryslân it Frysk ferstean kin. Foar wa’t it net kin, helpt it harkjen nei de Omrop om it te learen. Oangeande it lêzen en skriuwen leit it oars. Dochs sjogge we dat de berjochten dy’t de Omrop op de social media kanalen útset yn it Frysk wurdearre wurde. Jongelju brûke de Fryske gifkes en memes manmachtich. De reaksjes op de berjochten binne ek faak yn it Frysk, mar likegoed yn it Nederlânsk. De minsken fiele har frij om te reagearjen yn de taal dy’t sy it bêst machtich binne. Wat in rykdom!
En om’t Fryslân in twatalige provinsje is, kin berjochtjouwing op ús webside en de Omrop Fryslân-app ek yn it Nederlânsk oanklikt wurde. Dat is gjin tebeksetten fan it Frysk, mar temjitte komme oan de ynwenners dy’t it Frysk (noch) net goed lêze kinne. We witte dat in protte nijkommers ûnder oaren troch ús programma’s de taal fan dizze provinsje yn ‘e macht krije. We begripe lykwols dat nijkommers mei in hiele oare kulturele en talige eftergrûn it al lestich genôch hawwe om it Nederlânsk te learen, mar wol graach it nijs yn har eigen omjouwing folgje wolle. Ek foar harren is it Nederlânske flachje oan te klikken. Dat is yn ús eagen rekken hâlde mei elkoar: nije ynwenners stelle har iepen foar de taal fan de regio dêr’t se delstrutsen binne en dy nije omjouwing stipet by dat proses.
Sjoernalistike kwaliteit
Omrop Fryslân is algeduerigen dwaande om de sjoernalistike kwaliteit nei in heger plan te krijen, lykas de beide deiblêden dat dogge. Dêrfoar wurkje we sels gear yn in moai projekt om trije jier lang alle jierren trije talintfolle sjoernalisten priuwe te litten oan it fak, te toanen hoefolle kânsen oft hjir lizze om harren te ûntjaan en tagelyk in stevige basis te lizzen op it mêd fan it Frysk en kennis fan kultuer en omjouwing.
We kieze mei hiel ús oertsjûging en hert foar it Frysk en fine net dat dy kar ús beheint yn kwaliteit. Sterker noch: we nimme sjoernalisten oan dy’t it Nederlânsk as memmetaal hawwe, mar op grûn fan in positive taalhâlding flot Frysk brûke kinne. Wy ynvestearje sels yn stipe om ús minsken op in sa goed mooglik nivo te krijen en dat sil nedich bliuwe.
De bysûndere posysje fan Omrop Fryslân omearmje we en tagelyk wolle we graach (mear) gearwurkje yn de Fryske sjoernalistyk om ús nijs-, ferdivedearjende, ynformearjende en jongereinprogramma’s op alle mediakanalen fuort te sterkjen. Dat we op ús kanalen it Frysk brûke en dêrmei trochgeane, is foar ús gjin inkele fraach.
Omrop Fryslân
Ingrid Spijkers, haadredakteur
Houkje Rijpstra, direkteur bestjoerder
Ik ha in pear jier lyn ris in kollum skreaun mei trije arguminten dy’t yn diskusjes oer it Frysk brûkt wurde troch minsken dy’t net útgeane fan in lykweardigens fan Frysk en Nederlânsk. Dat binne:
– dat it Frysk flot oan te learen wêze soe;
– dat it Frysk sneu wêze soe foar ymmigranten;
– dat it Nederlânsk de prioriteit hat.
De reaksje fan Omrop Fryslân is ien út it boekje: alle trije arguminten komme deryn foar.
Dat seit net dat de Omrop anty-Frysk is, noch altyd alle wurdearring foar wat de Omrop al tsientallen jierren op sjoernalistyk en taalbefoarderjend mêd docht. Wat it wol sjen lit, is dat de Omrop de oergong fan Frysktalige nei dûbeltalige nijsberjochten ûnderbout mei arguminten dy’t sjen litte dat er it Nederlânsk wichtiger achtet as it Frysk. Dy kar kin sa’n ynstitút fansels meitsje, dêr gean ik net oer, mar it is al de baas dat it soks lûdop seit, dan wit elk wêr’t er oan ta is.
De kollum stiet hjir:
https://www.itnijs.frl/2019/11/it-lykweardige-frysk-fluch-oan-te-learen-sneu-foar-de-ymmigrant-en-tweede-prioriteit/
Dúdlik stik fan ‘e Omrop.
It neidiel fan in protte teksten dûbeltalich oan te bieden is dat it de skoallen yn Fryslân in argumint yn hannen jout om skriftlik ûnderwiis yn it Frysk (lêze kinne yn it Frysk) te wegerjen. De oanbelangjende net keazen skoalprofilen primêr ûnderwiis binne: (B gjin skriuwûnderwiis) , C (ek gjin lêsûnderwiis) . Sa bliuwe Frysk – en net-Frysktaligen (semy)-analfabeet yn it Frysk.
Der moat dus foarkommen wurde dat der ferlet is dûbeltaligens.Dêrom is it systeem fan te kiezen skoalprofilen ferkeard. Boppedat wurdt sa ek net mei de ferskillen tusken de bern rekken holden.
Ik bin op en top Fries mar lústje net bot nei de Omrop. Ferkearde muzyk kar nein myn sin en ûnsin kraaiende froulu betiden. Stoome Fryske wurden brûke dyt nimmen mear brûkt. Bijgelyks sizze hja; Der feart in boat yn de trekfeart nei Boalsert. Dat moat “faart weze fansels.” Der wurdt in stânbyld ‘untbleatte’. Dat byld wie dus earst hult mei in kleed en wurdt dan ‘ûnthulle’.
Nee Romke, DO moatst noch in soad Frysk byleare (in protte mei ek).
Doch it gewoan allegear yn it Frysk. Dit is in flinke achterútgong foar ús taal.