Iepen brief Noard-Fryske organisaasjes: Fryske les moat better

april 5, 2022 21:55
Claas Riecken fan it Nordfriisk Instituut lit it iepen brief oan de parse sjen. (Foto: Fryske Rie)

It skip sinkt en it regear poetst de reling. Sa beskriuwe fjouwer Noard-Fryske organisaasjes it belied fan de oerheid fan de dielsteat Sleeswyk-Holstein as it om de Fryske les giet. Hieltyd minder skoallen yn Noard-Fryslân biede it fak Frysk oan, it tal bern dat Frysk op skoalle kriget is mar de helte mear fan wat it yn 2002 wie.

De organisaasjes Friisk Foriining, Fryske Rie, Nordfriesischer Verein en Verein Nordfriisk Instituut hawwe dêrom in iepen brief stjoerd oan de minister fan ûnderwiis fan de dielsteat. Dêryn formulearje hja seis easken. As dêr net oan foldien wurdt, komt it neffens harren net mear goed mei it Noard-Frysk.

Frysk moat in ferplicht skoalfak wurde, it moat as fiertaal brûkt wurde by guon oare fakken, leararen mei it foech Frysk moatte in baangarânsje krije, mei Frysk as byfak moatte studinten foarrang krije by numerus-claususstúdzjes en der moat as stipe foar de skoallen in ynstitút lykas de Afûk komme. Dat binne de easken fan de fjouwer organisaasjes.

De toan fan it brief is fûl. It ministearje sjit tekoart, skriuwe de fjouwer organisaasjes. Hja skriuwe dat Sleeswyk-Holstein sjen moat nei oare Dútske dielsteaten: “It kin ek oars. De dielsteaten Saksen en Brandenburch hawwe bygelyks skoallen stifte dêr’t it Sorbysk net allinnich in fak is, mar ek fiertaal. En dat net allinnich foar bern mei Sorbysk as memmetaal.”

It brief is hjir te lêzen.

april 5, 2022 21:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.