Ien op trije ferpleechkundigen hindere troch net-winske seksueel omtinken

april 20, 2022 09:41

In goed treddepart fan de ferpleechkundigen dy’t op mbû-nivo oplaat binne, hie ferline jier te krijen mei net-winske seksueel omtinken fan pasjinten. Dat konkludearje it CBS en TNO nei ûndersyk. Oare beroppen yn de soarch, lykas fysioterapeuten en fersoargers, hiene dêr yn ferhâlding ek in protte lêst fan, docht bliken út de Nasjonale Enkête Arbeidsomstannichheden.

Foto: pixabay.com

Yn oare sektoaren kaam net-winske seksueel omtinken ek foar, mar minder. Fan alle froulike wurknimmers yn Nederlân melde alve persint ferline jier net-winske seksueel hâlden en dragen ûnderfûn te hawwen, bygelyks fan klanten, passazjiers of learlingen. By wurkjende froulju tusken de 15 en 25 jier gie it om 21 persint, likernôch ien op de fiif.

Soarchfakbûn NU’91 ferklearret it relatyf hege tal mbû-ferpleechkundigen dy’t dêrmei lestich fallen waard troch it type wurk dat sy dogge. “Yn de ferpleechhuzen en yn de thússoarch waskje se bygelyks pasjinten”, seit in wurdfierder. “Hja steane dus hiel ticht by harren pasjint, letterlik.” Neffens him kin dat in moai ûnderdiel fan it wurk wêze. “Mar spitigernôch kenne nochal wat pasjinten harren grinzen net.” Troch de thússoarch wurdt sein dat it net om opset hoecht te gean, en dat pasjinten ek betize of ûntremme wêze kinne.

NU’91 hopet dat soarchopliedingen mear omtinken oan it ûnderwerp besteegje sille. “Dan wurde de jonge minsken better taret. Want pasjinten teste foaral by harren hoe fier oft se gean kinne.” Neffens it soarchfakbûn moat pasjinten goed útlein wurde wat wol en net troch de mesken kin. “As mnsken yn it sikehûs opnommen wurde, wurde de húsregels dúdlik makke lykas net binnendoar smoke,” leit in wurdfierder út. “Foar seksuele yntimidaasje soe dat krekt sa dúdlik sein wurde moatte.” NU’91 pleitet ek foar sichtberdere protokollen. In protte soarchmeiwurkers witte bygelyks net oft harren wurkjouwer in gedrachskoade hat dêr’t ôfspraken yn fêstlein binne oer hoe’t mei seksuele yntimidaasje omgien wurde moat, sa docht bliken út peilingen ûnder leden fan it bûn.

april 20, 2022 09:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.