‘Iedereen, buitengesloten, halsstarrig’? Sander Warmerdam: trije kear mis!
Resint ferskynd
Opmerkings fan in taalkundige
Op it ôfrûne Sieperda Symposium op 8 april wie frijwat opskuor troch útspraken oer it brûken fan it Frysk op Omrop Fryslân. Dat karakterisearre Sander Warmerdam as ‘halsstarrig’. Hy fûn, dêrtroch waarden minsken ‘buitengesloten’. Hy hie ek in oplossing: brûk mear Hollânsk, dan soe ‘iedereen’ it begripe kinne.
Los fan ’e diskusje oer de fiertaal fan ’e Omrop wol ik graach omtinken freegje foar it gebrûk fan dy wurden. Mei wurden kinne jo dingen yn in beskaat ljocht sette. Tsjintwurdich hjit dat ‘framing’, mar it ferskynsel is sa âld as it minskdom. Framing hoecht op himsels net ferkeard te wêzen. Mar as jo de betsjutting fan wurden geweld oandogge, wurdt it gefaarlik.
Lit my begjinne mei it ûnskuldich eagjende ‘iedereen’. ‘Gebruik Nederlands, dan kan iedereen het begrijpen.’ O ja? Neffens my betsjut ‘iedereen’ gewoan: eltsenien. Begrypt eltsenien Hollânsk? Ik tocht it net. Net yn Fryslân, net yn ’e rest fan Nederlân. By ‘iedereen’ hearre ek de Oekraynske flechtlingen, de Dútske toeristen, minsken mei in ymmigraasje-eftergrûn, lytse poppen en minsken yn ’e bernskens. Guon dêrfan fersteane en lêze Hollânsk, mar lang net allegearre. En dan binne der ek noch dôven en blinen. Blinen kinne de Leeuwarder Courant net lêze, dôven kinne de útstjoerings fan Omrop Fryslân net folgje. Dus as jo Hollânsk brûke yn ’e media, dan kinne allinnich de minsken dy’t Hollânsk ferstean en lêze kinne, jo begripe. Dat binne mear as dy’t Frysk ferstean en lêze kinne, dat is wier. Mar it is net ‘iedereen’: it is in beskate groep. Wêrom komt Warmerdam allinnich foar dy groep op? En wêrom neamt er dy groep ‘iedereen’? Alpinnich taalkundich al is Warmerdam hjir mis.
Dan komme wy by ‘buitengesloten’, útsletten. Dat is fansels hiel aaklik, as jo útsletten wurde fan it ien of oar. Utsletten wurde betsjut: jo wolle der meskien wol by hearre, mar jo krije de kâns net. Minsken dy’t Hollânsk ferstean en lêze kinne, wurde dy útsletten as der om har hinne Frysk brûkt wurdt of as der Frysk op radio of tillevyzje komt? It liket my ta fan net. Der besteane no ien kear 6000 talen, en net ien minske ken se allegearre. De kâns dat jo in kear in taal tsjinkomme dy’t jo net begripe, is frij grut, ek as Hollânsktalige yn Nederlân. Wurde jo dan útsletten? Dat hinget derfan ôf. As ik in húshâlding ûnderinoar praten hear yn in taal dy’t ik net ferstean, haw ik dêr neat mei nedich. Ik kin it ferfelend fine dat ik net ferstean wat in mem tsjin har bern seit, mar ik hear no ien kear net by dy húshâlding. As ik yn in mingdtalige groep bin en ik ferstean wat net, wurd ik dan útsletten? Dat hinget derfan ôf. As ik freegje wat der sein wurdt, en it wurdt my útlein, dan haw ik neat te seuren. As it giet om in taal dy’t by dy groep heart, en ik wol by dy groep hearre, dan sil ik dy taal leare moatte. As ik by in damklub hearre wol, sil ik de regels ek leare moatte. Ik wurd pas útsletten, as ik dy kâns net krij. Sa is it mei it Frysk yn Fryslân ek: teminsten eltsenien dy’t Hollânsk prate en lêze kin, kriget de kâns om it Frysk te learen. Sterker noch: út ûndersyk docht bliken, dat minsken út ’e rest fan Nederlân dy’t hjir komme te wenjen ek sûnder kursus of helpmiddels binnen seis moannen alle Frysk fersteane dat se om har hinne hearre. De iennichste útsûnderings binne de minsken dy’t it net ferstean wolle, en dêrmei harsels útslute. Om dan oaren fan útsluting te beskuldigjen, is net allinnich taalkundich, mar ek idéologysk mis.
As lêste: ‘halsstarrig’. Omrop Fryslân soe ‘halsstarrig’ al syn útstjoerings yn it Frysk hâlde. Hoesa? ‘Halsstarrig’ is safolle as bokkich, stiifkoppich, dôfhûdich. Kinne jo dat fan in ynstitút sizze, dat gewoan docht wat neffens de besteande regels en it belied fan ryk en provinsje syn wetlike taak is? Kinne jo sizze dat de plysje ‘halsstarrig’ jacht makket op kriminelen, of dat in boer ‘halsstarrig’ melkt? Nee ommers: om ‘halsstarrig’ te wêzen moatte jo wat dwaan dat jo net hoege te dwaan of net dwaan meie, en moatte jo tsjin in beskate druk yn gean. As ik hieltyd freegje, en ik krij myn sin net, dan is dy wegering meskien ‘halsstarrig’. De Leeuwarder Courant kriget geregeld fersiken fan lêzers om mear Frysk te skriuwen. It taalbelied fan de provinsje is derop rjochte dat minsken mear Frysk ûnder eagen krije. Mar wy sjogge der net folle fan. Dat komt tichter by ‘halsstarrig’. Wat Omrop Fryslân docht, is normaal. Mar ‘halsstarrig’ is ek noch wat oars. It kin oanjaan dat minsken, nettsjinsteande maatskiplike druk, út oertsjûging of prinsipe folhâlde. As net-Frysktaligen hjir komme, en se wolle Frysk leare te praten, dan wurdt se dat net altyd maklik makke. Omrop Fryslân helpt wol om it Frysk te ferstean, mar kwalik om it Frysk geef te praten, en dat is wat nije learders wolle. De Leeuwarder Courant hawwe se alhielendal neat oan. Oanmoediging út ’e maatskippij is der kwalik. Jo moatte kear op kear oan minsken freegje, om asjeblúft Frysk tsjin jin te praten, omdat men it graach leare wol. En mar wer, en mar wer. Dêr moatte jo suver ‘halsstarrig’ foar wêze, mar sokke minsken haw ik al djip respekt foar. Guon as Arno Brok, ús kommissaris, en Nelleke IJssennagger-van der Pluijm, direkteur fan ’e Fryske Akademy, binne sokke minsken. It gebrûk fan ‘halsstarrig’ troch Warmerdam foar wat deagewoans as in Frysktalige omrop is yn dat ljocht net allinnich mis, mar ek misledigjend.
Liuwe H. Westra
Warmerdam is in halsstarrige LC’er