Hugo de Jonge hat wroechwjirm
Resint ferskynd

Doetiidsk minister fan folkssûnens Hugo de Jonge (foto: NOS)
Hugo de Jonge hat de Nederlânske folksfertsjintwurdiging net alles ferteld wat dy oer it ynkeapjen fan mûlkapkes yn it oanbegjin fan ‘e koroanagoarre witte woe. De Jonge hie doe as kroantsjinder de folkssûnens op ‘e noed en moast haljetrawalje soargje dat er mûlkapkes krige. Dat die er fia Sywert van Lienden, dy’t lykas De Jonge sels in CDA-pommerant wie. In oar bedriuw dat earst mûlkapkes oan De Jonge syn ministearje leverje soe, NIHW út Haarlim, hat de steat hjoed oanklage om’t dy in bestelling fan in grutte partij annulearre hie.
De Jonge hat amtners fan syn ministearje sein dat se Van Lienden wat heine en troaie moasten. Earder hie de doetiidske minister sein dat er him net mei de mûlkape-oankeaperij bemuoid hie. Hy sei dêr hjoed tsjin de Twadde Keamer it neikommende oer: “Ik heb nog eens heel goed teruggezocht hoe het nu precies zat, en ik had er meer bij moeten zeggen. Het was completer geweest als ik erbij had gezegd dat ik wel in de aanloop op verschillende manieren betrokken ben geweest bij de contacten. Maar ik ben niet betrokken geweest bij de deal. Ik ging er namelijk helemaal niet over.”
Dochs liket De Jonge him wat skurf te fielen. Hy sei nammentlik dat er “oprechte excuses” oan de Keamer oanbea om’t er te min ynformaasje jûn hie.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje