Histoarysk Sjochfeest werom yn Sleat op 11 juny

april 11, 2022 08:43

Op 11 juny 2022 komt it Histoarysk Sjochfeest nei fjouwer jier ôfwezigens werom nei Sleat, de lytste fan de Fryske alve stêden. De âlde stedskearn feroaret foar dy gelegenheid yn in letmidsiuwsk dekôr dêr’t akteurs en bewenners in spektakulêr gefjocht tsjin de Spanjerts neispylje. De foarige edysje fan it Sjochfeest, yn 2018, luts goed fjouwertûzen besikers.

©Jelte van der Meer

Neispylje fan de Slach om Sleat
It haadspektakel fan it Histoarysk Sjochfeest is it neispyljen fan de Slach om Sleat. Frijwilligers út de hiele stêd spylje dêrby in gefjocht dat yn 1588 wie tusken de Spanjert en de Stedsskutterij. In oplettende stedswacht ûntduts eartiids dat der Spanjerts ferburgen wiene op in bierskip en sloech grut alaarm. It bluodderige gefjocht dat folge, is no it hert fan it evenemint.

©Wytse Müller

Fernijde opset mei ynbring fan bewenners
Krekt as yn foargeande jierren drage de bewenners fan Sleat harren stientsje by oan it Sjochfeest. It evenemint wurdt lykas wenst organisearre en opboud troch in grutte groep stedsfrijwilligers, en dit jier moediget de organisaasje Sleatemers oan om sels ek grappige stikjes op te fieren, bûten de Slach om Sleat om. Dêrtroch is der yn de stêd opskuor en fiele besikers yn alle gloppen de brûzjende sfear fan de sechtjinde iuw.

Ridders, rôffûgels en kwaksalvers
Neist de Slach om Sleat stiet op 11 juny noch folle mear op it programma. De stêd wurdt befolke troch in bûnt selskip fan muzikanten, narren, kwaksalvers en ambachtslju, en der wurde ferskate demonstraasjes holden dy’t yn it tiidsbyld passe. Tink oan ridders op in hynder, legerkampeminten, in rôffûgelsjo, in guozzehoedster, kreamkes mei âlde ambachten en in histoaryske poppekast. Dêrmei is it Histoarysk Sjochfeest ek dit jier wer in evenemint foar jong en âld. Elkenien is wolkom.

©Wytse Müller

Besikersynformaasje
Histoarysk Sjochfeest Sleat;
11 juny 2022 fan 12.00 oere ôf;
www.historischsloten.nl.

Yntree
Bern o/m 12 jier: € 2;
Besikers fan 12 jier ôf: € 5;
Besikers yn histoaryske klean: fergees.

april 11, 2022 08:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.