Hiel lyts bytsje moannestof foar heal miljoen feild
Resint ferskynd
Fiif buiskes mei in hiel lyts bytsje moannestof binne op in Amerikaanske feiling foar in heal miljoen dollar fan eigner feroare. It giet om sa’n 450.000 euro. It wie unyk dat der moannekerreltsjes ûnder de hammer kamen: it is NASA-belied om moannemateriaal nea te ferkeapjen. Dat it diskear dochs koe, kaam troch in flaterke fan de romtefeartorganisaasje.

Foto: Wikipedia/NASA Project Apollo Archive – publyk domein
It stof is ôfkomstich fan de earste skeppen moannegrûn dy’t Neil Armstrong sammele by de Apollo 11-missy fan 1969. In pear minuten nei’t er op ’e moanne lâne wie, sammele er foar de wissichheid gau in meunster, sadat de astronauten teminsten wat materiaal meinimme koene foar it gefal dat de missy earder ôfbrutsen wurde moatte soe. Op dy Apollomissy waard úteinlik 21,6 kilogram materiaal sammele, mei dêrûnder it needmeunster fan in lytse 500 gram. It pûdsje dêr’t it meunster yn sammele waard, waard lykwols yn de santiger jierren troch NASA ferkocht.
Rjochtsaak
Pas yn 2015 realisearre in keaper, dy’t in lytse tûzen dollar foar it meunsterpûdsje betelle hie, har dat. Hja frege NASA om har fermoedens te befêstigjen. Undersikers hellen yndie wat loskommen moannestof út de naden fan it pûdsje. Dêrop klage NASA de eigner oan om it materiaal wer yn hannen te krijen. Sels de lytste moannestofkes moasten as nasjonaal erfgoed yn hannen fan de oerheid bliuwe.
In rjochter joech de keaper úteinlik gelyk. De eigner ferkocht it leechhelle pûdsje yn 2017 foar 1,8 miljoen dollar. It moannestof sels waard juster feild. Feilinghûs Bonhams gie foarôf fan in wearde tusken de 800.000 en 1,2 miljoen dollar út. Dat bedrach waard by einbeslút net helle. Nei sân biedingen waard it meunster foar in ûnbekende keaper op in heal miljoen dollar ôfhammere.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje