Henk Wolf: Wêrom soest alle nijsberjochten net dûbeltalich werjaan?
Resint ferskynd
Kollum

“Wêrom soest it ynternetnijs net twatalich dwaan?” Dat frege Ingrid Spijkers fan Omrop Fryslân juster oan it publyk fan it Sieperda-sympoasium yn Ljouwert. De fraach wie retoarysk bedoeld, mar neffens my fertsjinnet er in antwurd.
Frou Spijkers hie dêrfoar ferteld dat de Omrop ynkoarten in nije app fuortjout om it ynternetnijs te folgjen. De besteande website en app begjinne by de Fryske ferzje en dy’t dat wol, kin de Nederlânske oersetting derfoar klikke. Yn de nije app kinne brûkers kieze oft se it nijs tenei altyd yn it Frysk of altyd yn it Nederlânsk lêze wolle. De Omrop wie al wat nerveus dat de Fryske ferzje dan folle minder lêzen wurde soe, sa fertelde frou Spijkers. Yn it publyk fregen ferskate minsken oft dat oersetten wol nedich wie. It wie ommers in protte ekstra wurk, betelle út publyk jild. Ien frege oft it net ta koe mei in Nederlânsktalige gearfetting.
Kosten en evenredigens
Dy kosten binne in ding, mar los fan dat finansjele argumint: wat is der eins op tsjin dat de Omrop it Frysk en it Nederlânsk lykweardich behannelet en minsken de kar jout wat se foar taal lêze wolle? Heart doch fetsoenlik, net?
It probleem is dat allinne de fanâlds Frysktalige Omrop sa redenearret. Earder wie it ynternetnijs altyd yn it Frysk, no is it dûbeltalich mei de Fryske ferzje as maklikst tagonklike, aanst giet it nei folsleine lykberjochtiging. Tagelyk bliuwe Nederlânsktalige gemeentlike omroppen lykas LEO Nederlânsktalich, ek al krije dy fan Omrop Fryslân in redakteur kado. De Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd sitearje yn it Frysk, mar it sitaat moat net te lang wêze. As der oer in Frysk boek of in Frysk toanielstik skreaun wurdt, is it stikje wolris yn it Frysk, mar dat binne de útsûnderingen. De kranten skriuwe as regel yn it Nederlânsk en skowe, oars as de Frysktalige Omrop, net nei in likense behanneling fan beide talen ta. De Fryske media wurde dêrtroch Nederlânsktaliger. Neist de kostekwestje is dat in twadde argumint om it nijs net twatalich oan te bieden. Dy twa arguminten binne lykwols in stik minder wichtich as it tredde.
Ynklusiviteit
De kranten rêde har de kont: dy krije allinnich jild fan har abonnees en advertearders en binne net ien wat skuldich. De Omrop bestiet fan mienskipsjild en dy is dat wol. De maatskiplike taak fan de Omrop wie frou Spijkers heel dúdlik oer: dy wie ek kultuerwarder en dat fûn se aldergeloks in goed ding. De Omrop woe ek “ynklusiver” wurde, sei se. De redaksje moest minder “wyt” wurde en der moest mear omtinken komme foar saken dy’t moslims en homo’s dwaande hâlde. Wel, stel no dat dat gebeurt. Dat de Omrop bygelyks in nije dramasearje makket en dêryn komt in heel aardich stel foar dat bestiet út twa manlju, dy’t – sa’t in stel dat docht – inoar fan tiid ta tiid in tút jouwe.
Der binne minsken en dy ha dêr wat op tsjin. Ik kin my dat net begripe, sa’t ik my ek net begripe kin dat minsken der wat op tsjin ha as oaren Frysk prate, mar se binne der. Stel no dat de makker fan de searje, lit ús him Jan Doedel neame, stel dat Jan Doedel foarstelle soe om dan twa ferzjes te meitsjen fan de dramasearje: ien mei it homostel en ien mei in mantsje-wyfke-stel. En as ien dan sizze soe dat dat doch net nedich wie, dan soe Jan Doedel freegje: “Wêrom soest net twa ferzjes meitsje?”
It argumint fan de begrutlike minsken
Sander Warmerdam fan de Ljouwerter Krante helle syn mem dy’t gjin Frysk ferstie derby om op te kommen foar de rjochten fan Nederlânsktaligen om yn har eigen taal betsjinne te wurden. Ingrid Spijkers helle har Frysktalige skoanheit derby, dy’t de Frysktalige stikken yn ‘e krante altyd oersloech. Jan Doedel soe syn pake derby helje, dy soe helendal raar wurde as er twa tútsjende manlju seach. Wêrom soest dy pake net skewiele?
Miskien hat Jan Doedel ek wol in beppe dy’t leaver net in brún famke op Omrop Fryslân sjocht. Miskien hat er in skoanheit dy’t net oer koarte rokjes mei, in buorman dy’t pas nei de Omrop sjen wol as alle froulju heel fetsoenlik in hier yn in doekje opbergje, in buorfrou dy’t siik wurdt as ien de tiidwurden omdraait, in omkesizzer dy’t út noch yn gjin Stellingwerfsk hearre mei. Wat soest yn alle gefallen in part fan dy minsken net skewiele?
In nije searje
Ik soe it in raar ding fine as de Omrop ek mar ien fan dy minsken út Jan Doedel syn grutte kunderûnte skewiele soe. As ik Ingrid Spijkers hear oer har entûsjasme foar ynklusiviteit, tink ik dat sy der net oars ûnder stiet. As der in manljusstel op ‘e Omrop te sjen is, dan is dat net allinnich foar de ferdivedaasje fan oare manljusstellen. In brún famke of ien mei in koart rokje is der net allinnich foar oare brune famkes of foar oaren mei koarte rokjes. Dy’t soks net sjen wol, set de televyzje mar út.
Mar sa’n ien mist dan wol de searje. Hy wurdt bûtensletten.
Dat is ek sa as ien it Frysktalige nijs net lêze wol of kin. Mar ho, sille no guon sizze. Dat is heel wat oars. Taal is yn it foarste plak in kommunikaasjemiddel.
It Frysk yn Fryslân is folle mear as allinne in kommunikaasjemiddel
Dat kin de leek sizze. En dy’t yn Ljouwert yn it Dútsk mei in toerist of yn it Ingelsk mei in bûtenlânske studint praat, dy kin dat ek sizze as er wat mear kennis fan saken hat. Mar ien dy’t oan ‘e kop en earen ta yn it Fryske kulturele wrâldsje sit, dy kin dat net oer it Frysk yn Fryslân sizze. It Frysk yn Fryslân is folle mear as allinnich in kommunikaasjemiddel. It is in stik fan in bedrige kultuer dêr’t de fertsjintwurdigers fan ‘e befolking op Europeesk, lanlik en provinsjaal foar opkomme wolle. It is it foarnaamste dêr’t in erkende etnyske minderheidsgroep – de Friezen – him mei identifisearret. Dy’t opkomt foar de earme Nederlânsktalige dy’t mar twongen wurdt om Frysk te hearren of te lêzen, dy komt op foar de famylje en kunde fan Jan Doedel. Dy sjocht net wa’t echt op it janpoepsplak sit, wa’t yn de grutte maatskippij hast altyd wol krijt wat er ha wol: kranten dy’t op in pear sitaten nei yn syn eigen taal binne, withoefolle radio- en televyzjestjoerders yn de eigen taal. Wolle wy dat trochbrekke – en lykas sein wol de polityk dat op alle nivo’s – dan moatte minsken deroan wenne dat kennis fan twa talen – Frysk en Nederlânsk – der yn Fryslân by heart.
“Wy wolle net ien bûtenslute”, sei frou Spijkers. Sander Warmerdam hie it der ek oer dat mear Nederlânsk foarkomme koe dat de Omrop minsken bûtenslute soe. Net ien fan beiden pleite foar Oekraynske ûndertiteling of nijs yn it Syrysk Arabysk foar de nijkommers fan de ôfrûne jierren. Wurde dy bûtensletten? Op in bepaalde manier besjoen fansels wol, mar dat is net in tema dêr’t oer praat wurdt. It âlde ramt is ‘Nederlânsk is de taal dy’t elkenien yn Fryslân behearsket of behearskje moat om meidwaan te kinnen’ en in nijer ramt is ‘it Nederlânsk en it Frysk binne allebeide talen dy’t elkenien yn Fryslân begrypt of begripe kinne moat om meidwaan te kinnen’. De Fryske taalstriid draait al sûnt de 19e iu om de botsing fan dy twa ramten en hoewol’t net ien fan al dy mediaminsken dat like te beseffen, wie dat juster op it Sieperda-sympoasium net oars.
Emansipaasje
De emansipaasje fan de Fryske etnyske groep – net myn optinksel, mar in offisjele Europeeske status, fêstlein yn it Ramferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden – is allinne mar mooglik as hele Fryslân oars begjint te tinken: net allinne oer mantsje-mantsje-stellen of brune famkes op ‘e televyzje, mar ek oer it idee dat yn Fryslân allinne it Nederlânsk “de gewoane taal” wêze soe en it Frysk de útsûndering foar wa’t dat no sa nedich brûke moat. Al yn 1985 hat de provinsjale folksfertsjintwurdiging sein dat Frysk en Nederlânsk lykweardich behannele wurde moatte. Dat betsjut dat de mem fan Sander Warmerdam net sneu dwaan moat as se it nijs net ferstiet, mar dat se op kursus moat. Dat betsjut dat de skoanheit fan Ingrid Spijkers mar wat mear tiid brûke moat as er witte wol wêr’t it artikel op omropfryslan.frl oer giet. De man is Frysktalich, dat dat slagget him grif. Sa’t Jan Doedel syn pake him mar ferbite moat as er twa tútsjende malju op ‘e televyzje sjocht (en hooplik oer syn wjerstân hinne groeit). En it betsjut dat Omroppen mei in maatskiplike ferantwurdlikens Jan Doedel syn pake en beppe, Sander Warmerdam syn mem en Ingrid Spijkers har skoanheit net skewiele moatte.
“Wêrom soest it ynternetnijs net twatalich dwaan?” Wel, njonken in finansjeel argumint en in argumint fan evenredigens, is it antwurd op dy fraach benammen moreel fan aard: omdat it de emansipaasje fan de Frysktaligen opkeart. Dat mei in priveepersoan of kommersjele krante dwaan, mar in omrop mei in kulturele en maatskiplike taak net.
[Ingrid Spijkers helle har Frysktalige skoanheit derby, dy’t de Frysktalige stikken yn ‘e krante altyd oersloech.]
Lit dy man no in frou hawwe dy’t alle Frysktalige puzels yn de Ljouwerter makket en opstjoerd. En dêr aldergelokst “foar har” ek noch gauris in priis mei wint.
Sokke arguminten binne krekt safolle wurdich as mieningen op de Ljouwerter freedsmerk.
Warmerdam is dyjinge dy’t eksklusyf tinkt. In lytse minderheid sa it hoekje yn triuwe. Net bêst.
Dûbeltaligens is de deastek foar de minderheidstaal (it Frysk). Om’t it jaan fan ûnderwiis yn it Frysk troch de measte skoallen wegere wurdt stiet soks ynklusiviteit yn it paad.