‘Gouden Kneppel’ foar Aant-Jelle Soepboer

april 11, 2022 09:53

De Jongfryske Mienskip organisearre op sneon 9 april 2022 de twadde edysje fan ’e Smûke Jûn. Yn in grôtfolle seal mei leden en sympatisanten rikte de Jongfryske Mienskip de Gouden Kneppel út oan Aant-Jelle Soepboer. Neffens de Jongfryske Mienskip is Soepboer in bysûnder persoan mei in hiele protte talinten: in kombinaasje fan drummer, skriuwer, politikus, adviseur, sprekker, ûnderwiisman en ferbiner.

Smûke Jûn (foto: JFM)

Aant-Jelle Soepboer en earelid Bertus Postma (foto: JFM)

Soepboer hat skiednis studearre yn Ljouwert en jout syn kennis op in fernijende wize troch. As ûnderwizer hat er him bot foar it Frysk ynset. Op dit stuit is er adviseur meartaligens by CEDIN. Soepboer begûn yn 2008 as drummer by de band Baldrs Draumar. De nûmers fan dy band binne net allinnich yn it Frysk, se geane ek noch oer de Fryske skiednis. De band Baldrs Draumar ûnderhâldt ek ynter-Fryske kontakten. De band wie ek op Helgolân. Oer dy reis waard troch Vice in skitterjende dokumintêre makke. En neist ferbiner is Soepboer ek skriuwer, bekend fan de boeken Vet oud. Yn 2012 kaam it earste diel út en mei Richard Zuiderveld waarden noch mear dielen skreaun.

Yn 2015 kaam Soepboer yn it NOS-sjoernaal mei de Google Translate wike. Hy liet sjen hoe’t Fryske jongelju bydrage kinne oan de digitalisearring fan it Frysk. Tsjintwurdich is it Frysk hiel normaal yn Google Translate, mar dêr hat fansels wol aardich wat wurk yn sitten. As politikus is er it gesicht fan de FNP yn de gemeente Noardeast-Fryslan. Soepboer hat it earelid Bertus Postma hiel bliid makke mei syn krewearjen om te kommen ta Fryske plaknammen yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Bertus Postma hat him jierrenlang tige fertsjintlik ynset foar Fryske toponimen. Mei troch it lobbywurk fan Aant-Jelle Soepboer hat Noardeast-Fryslân no Fryske plaknammen.

Mei’t Soepboer it Fryske fjoer by in soad minsken ûntstekt, is de Jongfryske Mienskip fan betinken dat de ‘Gouden Kneppel’ dit jier Aant-Jelle Soepboer takomt. De priis bestiet út in mei de hân makke Fryske ikehouten kneppel mei figueren út it Fryske ferline. De kneppel is makke troch keunstneresse Grethe–Marie Broersen. It bestjoer fan de Jongfryske Mienskip woe de Gouden Kneppel al yn novimber oan Aant-Jelle Soepboer oerlangje, mar troch it koroanafirus koe it Kneppelfeest doe net trochgean.

Sjoch op www.jongfryskemienskip.frl foar in ferslach fan de hiele jûn.

Soepboer en keunstneresse Grethe Marie Broersen (foto: JFM)

april 11, 2022 09:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.