GeschiedenisLokaal Fryslân

april 4, 2022 12:15

Nij online boarneplatfoarm foar ûnderwiis

Op tongersdei 14 april giet it nije boarneplatfoarm geschiedenislokaalfryslan.nl online. De webside foarsjocht yn it ferlet fan Fryske skoallen nei online boarnen en lesmateriaal oer erfgoed yn Fryslân. Dosinten en learlingen kinne dêr ûndersyk dwaan nei digitalisearre histoaryske boarnen út harren eigen omjouwing. GeschiedenisLokaal Fryslân is in inisjatyf fan Historisch Centrum Leeuwarden (HCL), Tresoar en Fries Verzetsmuseum, út namme fan alle erfgoedynstellingen yn Fryslân. De webside is folle yn gearwurking mei studinten fan de learare-oplieding Geschiedenis fan NHL Stenden Hogeschool. 

Lokale boarnen
GeschiedenisLokaal Fryslân is ûnderdiel fan it lanlike netwurk www.geschiedenislokaal.nl, dat regionale histoaryske boarnen fan argiven, musea en oare erfgoedynstellingen tagonklik makket. Op de webside binne de boarnen oersichtlik delset neffens tiid, tema en lokaasje. In boarne kin in filmke, dokumint, foto, plattegrûn of tiidline wêze, dy’t wat fertelt oer in spesifike perioade of in spesifyk foarfal. By de boarnen wurdt kant-en-klear lesmateriaal oanbean. Dêrmei komme learlingen en dosinten yn ’e kunde mei de skiednis fan it doarp, de stêd of de regio dêr’t se wenje. De strjitten dêr’t se alle dagen op rinne, fytse of ride hawwe faak in nijsgjirrige skiednis. Mei GeschiedenisLokaal Fryslân komt it Fryske ferline tichterby en ta libben.

Fryslân
Bysûnder oan GeschiedenisLokaal is dat erfgoedynstellingen út it hiele lân dielnimme kinne. Dat kin selsstannich, mar ek mei in tal argiven en musea mienskiplik. Yn Fryslân is foar dat lêste keazen, om’t de erfgoedynstellingen yn dizze provinsje wend binne om in soad gear te wurkjen. HCL, Tresoar en Fries Verzetsmuseum hawwe it inisjatyf nommen, mar oare Fryske erfgoedynstellingen kinne har by geschiedenislokaalfryslan.nl oanslute. Dat jildt ek foar dosinten yn it ûnderwiis en foar studinten fan de learare-oplieding, dy’t sa har boarnen en lessen duorsum diele kinne mei kollega’s. GeschiedenisLokaal Fryslân rjochtet him foarearst op it fuortset ûnderwiis, mar is yn in letter stadium ek geskikt foar it primêr ûnderwiis.

Lansearring
De presintaasje fan GeschiedenisLokaal Fryslân is tongersdei 14 april fan 16.00 oant 18.00 oere. It programma start mei in koarte stedskuier by HCL. Gidsen binne de studinten fan NHL Stenden dy’t meiholpen by it foljen fan it Fryske platfoarm. Underweis fertelle se oer foarfallen yn de Ljouwerter skiednis, dy’t se yn har ûndersyk tsjinkamen. Einpunt fan de stedskuier is it Fries Verzetsmuseum. Dêr wurdt geschiedenislokaalfryslan.nl offisjeel lansearre troch Wiebe Wieling, foarsitter Koninklijke Vereniging “De Friesche Elf Steden”, foarsitter RfT Leeuwarden-Fryslân kulturele haadstêd fan Europa 2018.

GeschiedenisLokaal Fryslân (fan 14 april ôf online): www.geschiedenislokaalfryslan.nl
Sjoch dizze koarte fideo foar mear ynformaasje oer it lanlik platfoarm GeschiedenisLokaal.
april 4, 2022 12:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.