Fyftjin IMF-subsydzjes nei Súdwest-Fryslân

april 22, 2022 10:29

Fia it Iepen Mienskipsfûns (IMF) jout de provinsje Fryslân yn de earste omgong 2022 oan fyftjin inisjativen yn de regio Súdwest-Fryslân subsydzje. De inisjativen komme allegear út de mienskip en soargje mei-inoar foar in ynvestearring fan goed 245.000 euro yn de leefberens fan Súdwest-Fryslân.

De Lange Hoek Ealahuzen
Ien fan de projekten is it opknappen fan rekreaasjeterrein De Lange Hoek yn Ealahuzen. Dat sjocht der al in skoft min út. It strân en de trailerhelling moatte nedich opknapt wurde. In wurkgroep hat it in ferbetterplan skreaun en sil fan De Lange Hoek foar ynwenners, rekreanten en helptsjinsten wer in feilich en tagonklik plak meitsje. Behalven werynrjochtsjen fan it strân en it ferfangen fan de trailerhelling sille fiskplakken oanlein wurde en de parkearmooglikheden ferbettere wurde. Ut it IMF hat it projekt in bydrage fan 35.000 euro krige.

It wurk by De Lange Hoek is al yn folle gong. Foto Prov. Fryslân

Twadde subsydzje-omgong IMF
Inisjatyfnimmers kinne fan oant 12 maaie 2022 IMF-subsydzje oanfreegje by de twadde iepenstelling fan dit jier. De wichtichste betingst is dat it projekt bydraacht oan it ferbetterjen fan de leefberens yn wyk, doarp of stêd. De projektadviseurs fan Streekwurk binne beskikber foar it begelieden en advisearjen fan de inisjatyfnimmers by it oanfreegjen fan subsydzje foar harren projekt. Sjoch foar mear ynformaasje en ynspirearjende projekten op www.streekwurk.frl/imf.

Yn Honorearre IMF-projekten 2022-I (regio SWF) binne alle fyftjin projekten beskreaun.

 

april 22, 2022 10:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.