Fryske learlingen ûntdekke dat Italië lytse talen better beskermet as Nederlân
Resint ferskynd

Docht Nederlân wol genôch foar it Frysk? As jo sjogge dat it Ryk en de ûnderwiisynspeksje folle mear wurk meitsje om it fak Nederlânsk te ferbetterjen as it fak Frysk, dan is der fan likense behanneling dúdlik gjin sprake. Dat kaam ek te praat by in besite fan minderheden út Italië oan it Drachtster Lyseum.
Ut petearen tusken learlingen en dosinten fan de skoalle en ûnderwiisminsken dy’t foar de minderheidstaal Ladinysk wurkje, die bliken dat it Frysk net goed beskerme wurdt. Der binne tsien kear safolle sprekkers fan it Frysk as fan it Ladinysk, mar dy taal is fiertaal op skoallen yn it taalgebiet en dêr wurdt de les yn de Ladinyske taal oan alle bern tige wichtich fûn.
Deputearre Sietske Poepjes seit: “Wy hawwe miskien wol minder juridyske rjochten as it Ladinysk yn Italië, mar wy hawwe hjir yn Fryslân gewoan in folle sterkere mienskip.” Aant-Jelle Soepboer fan de FNP sjocht de ferskillen as in reden om te pleitsjen foar in oar Frysk taalbelied: “It Frysk en it Nederlânsk moatte lykweardich wurde, net perfoast gelyk, mar echt lykweardich.”
It Frysk Deiblêd hat in wiidweidich artikel oer de Ladinyske besite oan Fryslân. Dat is hjir te lêzen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje