Frysk Lânboumuseum: Iepen dei, eksposysje ‘Gelok’ en nij boek oer feehannel

april 26, 2022 19:03

Snein 1 maaie 2022 wurdt by it Frysk Lânboumuseum in iepen dei holden. Sintraal stiet dan it feeferfier mei in demonstraasje fan âlde en nije fee-auto’s. It is de start fan in spesjale útstalling yn it museum: ‘Gelok! Skiednis fan feehannel en feemerken yn Fryslân’.

Yn de feehannel op boerehiemen en feemerken is de hânslach ûnder it krêftich útsprutsen “gelok” in tradisjoneel elemint. Dêr wurdt it bod fan de keaper mei bekrêftige. Alhoewol’t dy hannel yn it Fryske maatskiplik libben belangryk wie, is dy yn de skiedskriuwing ûnderbeljochte bleaun. Noch mar in bytsje minsken kenne de typyske sfear en hektyk fan de feemerken. De ferhalen fan de feehannel yn Fryslân en de aktiviteiten fan de feehannelers troch de iuwen hinne foarmje it ûnderwerp fan de útstalling.

Boekpresintaasje
Sneon 30 april wurdt it boek De geschiedenis van de veehandel en veemarkten in Fryslân presintearre, in royaal yllustrearre útjefte dy’t in moai byld jout fan it romrike ferline fan de Fryske feehannel en -merken. It jout omtinken oan de ekonomyske en sosjale aspekten, de ynfrastruktuer en de logistyk en it wutdt ôfsletten mei de boeiende skiednis fan de famylje Pilat, in skaai fan feehannelers yn Fryslân. Fan 1 maaie ôf is it yn it museum te krijen.

Op www.landbouwmuseumfriesland.nl is mear ynformaasje te finen.

De iepen dei is op snein 1 maaie fan 13.00 oant 17.00 oere op it terrein fan it Frysk Lânboumuseum, Felling 6, 8912 CG Ljouwert (Goutum), 0511-539420.
De eksposysje ‘Gelok! Skiednis fan feehannel en feemerken yn Fryslân’ rint fan 1 maaie oant 1 novimber 2022. De tagong ta iepen dei en museum is fergees.

 

april 26, 2022 19:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.