Frysk Boun om Utens: In takomst?

april 24, 2022 13:38

Bydrage fan Kees van der Beek fan it Frysk Boun om Utens (FBoU) oan in gearkomste oer de takomst fan de Fryske Beweging op 23 april 2022

As bûten-Friezen fan it FBoU wurde wy as ambassadeurs sjoen om de belangen fan Fryslân en syn taal en kultuer út te dragen. Sa is it ek yn de Grûnslaggen fan it Boun fan Fryske selskippen bûten Fryslân yn 1923 ferwurde.

In soad Friezen binne yn de 19e en 20e iuw út Fryslân weilutsen, om’t der foar harren gjin takomst mear wie. Mar sa’t ús âld-foarsitter Hâns Dijk altyd sei: In Fries kin wol út Fryslân weigean, mar Fryslân giet nea út in Fries.” Bûten-Friezen sochten inoar op om de ûnwennigens tsjin te gean. Kriten, toanielselskippen, stúdzjerûnten, sjongkoaren, keatsklups – alles wat hja yn Fryslân sa wend wiene moast de bân mei it Heitelân ûnderhâlde.

Sa is it FBoU ek in bân oangien mei de Ried fan de Fryske Beweging (RfdFB): opkomme foar de Fryske taal en kultuer. Yn ’e rin fan de jierren is de klam op de posysje fan it Frysk yn it gruttere ferbân fan Nederlân en Europa te lizzen kommen. Der binne ôfspraken makke mei de Ryksoerheid en ek yn Europeesk ferbân binne der ôfspraken fêstlein. It beskermjen fan dy minderheidsposysje is fansels mear as nedich. Wy witte lykwols hoe’t oerheden, sawol provinsjaal, nasjonaal as ynternasjonaal mei ditsoarte ôfspraken omgeane – it leit sa’t it liket net genôch gewicht yn ’e skaal.

De RfdFB hat muoite om in grut part fan de Friezen yn Fryslân waarm te meitsjen foar de Fryske saak. Wa’t net ûnferskillich is wurdt al rillegau as aktivist sjoen en dêr moatte wy yn Fryslân neat fan ha…

Riedsgearkomste mei foaroan Kees vd Beek (Foto It Nijs)

De rol en posysje dy’t de RfdFB ynnimme wol, moat droegen wurde troch de minsken dy’t de Ried fertsjintwurdigje wol. As der gjin draachflak mear is falt it kader as in kaartehûs yninoar. Ditsoarte argewaasje beheint him net ta de RfdFB, it FBoU wrakselet allyksa mei in tebekrinnend tal kriten. Wiene der in tsien jier ferlyn noch 20 kriten mei mear as 4000 leden – no binne der noch 12 en krekt 1200 leden. Yn 2023 bestiet it FBoU 100 jier; wy wolle dat grut opset fiere. Sneon 16 septimber wurdt it jubileumfeest yn Swol holden – it bestjoer is drok dwaande om it predikaat KENINKLIK te krijen.

Undertusken is in kommisje dwaande mei in ûndersyk hoe’t it FBoU ek nei 2023 noch rjocht fan bestean ha kin. Sa binne wy hjoed hjir byinoar warber om besteansrjocht te sykjen en dat rjocht krije wy allinnich mar as der minsken binne, dy’t har dêrfoar ynsette wolle.

april 24, 2022 13:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.