Friezen bewege mear
Resint ferskynd
Yn Fryslân is it tal ynwenners dat foldwaande beweecht tanommen. Yn ferhâlding foldogge in protte Friezen ek oan de beweechrjochtlinen. Dat en mear docht bliken út ûndersyk fan beslist.nl, dat op basis fan de sûnensmonitoaren fan de GGD’s en it RIVM yn kaart brocht hoefolle oft Nederlanners bewege.

Foto: pixabay.com
Yn Fryslân foldiene yn 2020 3,6% mear ynwenners oan de beweechrjochtlinen as yn 2016. De gemeenten dêr’t ynwenners benammen faker bewege, binne:
- Flylân (+17,8%)
- De Fryske Marren (+10,7%)
- Súdwest-Fryslân (+5,8%)
- It Amelân (+5,6%)
- Waadhoeke (+5,5%)
Mear as de helte foldocht oan de beweechrjochtline
Mear as de helte fan de Friezen beweegde yn 2020 foldwaande (51%). Op Flylân bewege de ynwenners it meast (61,2%) en yn Dantumadiel it minst (44,4%).
Fryslân hat it grutste sportoanbod
As sportakkomodaasjes yn ’e buert binne, ferleget dat de drompel om geregeld te bewegen. Yn Nederlân binne der yn trochsneed 12,5 foarsjenningen op tsientûzen ynwenners, mar regionaal binne de ferskillen grut. Yn Fryslân is dat mei 24 foarsjenningen op tsientûzen ynwenners relatyf sjoen it grutst. Benammen op de Waadeilannen is it tal sportakkomodaasjes yn ferhâlding grut.
Lanlik nimt it bewegen ta
Lanlik sjoen is 59% fan de ynwenners mear begûn te bewegen. Njonken Friezen bewege ek Flevolanners, Drinten, Limburgers en Brabanners mear. Yn de oare provinsjes wiene ynwenners yn 2020 just minder fit as yn 2016. Yn Oerisel rûn it tal minsken dat oan de rjochtline foldocht mei 3,3% tebek en yn Súd-Hollân mei 1,9%.
Fan alle provinsjes foldocht yn Grinslân it grutste part fan de ynwenners net oan de rjochtline. Mar 44% fan alle Grinslanners beweecht nammentlik genôch.
Mear ynformaasje oer it ûndersyk is te finen op: www.beslist.nl/info/hoe-fit-is-jouw-gemeente.html.
Oer it ûndersyk
Troch de sûnensmonitoaren fan de GGD’s en it RIVM út 2016 en 2020 mei-inoar te ferlykjen, ûndersocht online winkelsintrum beslist.nl út hokker gemeenten ynwenners de ôfrûne fiif jier mear ta bewegen oergien binne. Dy útkomsten waarden ferlike mei it sportoanbod yn ’e gemeenten. Dêrfoar waard gebrûk makke fan it Databestân Sportoanbod (DSA). Yn de sûnensmonitor 2020 binne gjin sifers fan GGD-regio Utert beskikber oer it foldwaan oan de beweechrjochtlinen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje