FNP: Hoe komt it mei it Kurrikulum Frysk?
Resint ferskynd

Sijbe Knol (boarne: FNP)
Neidat minister foar Primêr- en Fuortset Underwiis, Dennis Wiersma, de Twadde Keamer ynljochte hat oer de nije wegen dy’t er mei it ûnderwiis ynslaan wol (it saneamde curriculum.nu-projekt), hat Sijbe Knol, foarsitter fan de FNP-fraksje yn Provinsjale Steaten, op 6 april oan deputearre Sietske Poepjes skriftlike fragen steld.
De ûntwikkeling fan de nije kearndoelen en ûnderwiisfernijing foar it Frysk (Kurrikulum.frl) is keppele oan it Curriculum.nu-trajekt. Wat binne de gefolgen foar it Frysk no’t alles wer oars moat?
De oangeande stikken binne hjir te lêzen::
2022-04-04 Keamerbrief – curriculum-funderend-onderwijs
2022-04-06_Skriftlike fragen FNP – Curriculum.nu – Kurrikulum.frl
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje