Fergees online it Frysk fan Sealterlân leare
Resint ferskynd
Yn de Dútske gemeente Sealterlân prate se Frysk. Dat Sealterfrysk is oars as ús Frysk, mar der binne grutte oerienkomsten. Foar Dútsers is de taal lestich te begripen.
Jo kinne it Sealterfrysk no fergees leare. It Dútsktalige learboek “Friesischer Sprachkurs” is nammentlik op ynternet set. It boek is skreaun troch de Sealterlânske learares Johanna Evers. It is yn 2011 ferskynd. Dêrnei is it lang foar kursussen brûkt.
Jo fine it boek hjir:
https://www.seeltersk.de/archiv/online-saterfriesisch-lernen/
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje