Ferbettering Nederlânsk op skoalle wurdt hiel oars oanpakt as ferbettering Frysk

april 13, 2022 22:59
Foto: pixabay.com

Leararen yn it basis- en fuortset ûnderwiis moatte op kursus, der moat minder omtinken komme foar projekten en oare bysaken, der moat in masterplan komme om mei allegear organisaasjes it ûnderwiis te ferbetterjen en de skoallen moatte mei de ynspeksje, it ministearje en fakbûnen gearwurkje. Dat hat allegear as doel om binnen twa jier de behearsking fan de Nederlânske taal te ferbetterjen. It hat nammentlik bliken dien dat bern dy hieltyd minder goed behearskje. It probleem spilet yn it basis- én yn it fuortset ûnderwiis. Mei rekkenjen en wiskunde is itselde probleem te sjen.

De ambisjeuze oanpak stiet yn grut kontrast mei de oanpak om de behearsking fan it Frysk te ferbetterjen. Foar 2005 wienen de doelen foar it Frysk en Nederlânsk op Fryske skoallen gelyk oaninoar. Om’t it ministearje fan ûnderwiis dy “spegeling” net mear realistysk fûn, waarden de doelen foar it Frysk doe flink ferlege. Yn 2010 konstatearre de ûnderwiisynspeksje sokke grutte problemen mei it fak Frysk dat er besleat dat er ynearsten gjin kontrôles mear útfiere soe. Bern skoarden op de ferlege doelen ek min, leararen hienen faak te min kennis fan it fak en der wie te min tiid foar beskikber. Yn 2018 waard in plan opsteld: skoallen krigen tolve jier de tiid om – op frijwillige basis – harsels sa te ferbetterjen dat se yn 2030 op it wetlik fereaske minimumnivo sieten.

It Frysk en Nederlânsk hawwe yn Fryslân formeel deselde status en deselde rjochten, mar yn de praktyk is dat lang net altyd sa. Wat de behearsking fan it Nederlânsk oanbelanget, sit Nederlân no op de Europeeske trochsneed foar lêzen en skriuwen fan de eigen taal, wylst Nederlân earder foaroprûn. De problemen mei it Frysk binne folle grutter.

april 13, 2022 22:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.