Feie Fonyk: ‘De rode ziel’, ynsjoch yn Ruslân
Resint ferskynd
Kollum
Guon binne fan betinken dat minsken oer de hiele wrâld net in soad faninoar ferskille. Nei it sjen fan fan ‘De rode ziel’, in dokumintêre fan Jessica Gorter bin ik dêr noch minder fan oertsjûge as ik al wie. De film wie foar it earst te sjen op it IDFA, it Internationale Documentaire Festival Amsterdam yn 2017, dêrnei yn de filmteaters, no noch te sjen ynternet op 2 Doc.nl. De film jout in byld hoe’t minsken yn Ruslân mei harren ferline omgeane.

Still út ‘De rode ziel’
De dokumintêre begjint mei in fraachpetear mei in pear froulju dy’t blommen lizze by in stânbyld fan Stalin yn Moskou:
– Werom binne jo hjir hjoed?
– Hjoed is it de jierdei fan Jozef Stalin.
– Wat betsjut Stalin foar jo?
– Stalin betsjut alles foar ús: de oerwinning yn de oarloch, sosjalistyske demokrasy, echte demokrasy, de sovjettiid, ús yndustry en de earste minske yn de romte.
– En de terreur?
– Gesachtrouwe boargers kamen net yn de finzenis.
– Presys sa is it.
Yn it folgjende fragmint sitte wy yn in auto en harkje nei in radio útstjoering. De presintator freget oan de harkers oft se de kâns rûnen om fermoarde te wurden as Stalin noch oan ’e macht wêze soe. Neffens guon wie er in moardner. Syn fjouwer paken en beppen wiene fermoarde yn de Stalintiid. Neffens in oare harker is yn de njoggentiger jierren troch de ‘perestrojka’ (de werstrukturearring fan de steat ûnder Gorbatsjov) alles nei de bliksem gien. It mei dúdlik wêze dat Poetin, de hjoeddeiske lieder fan Ruslân, op itselde spoar sit. Dizze nije tsaar dreamt fan in grut Ruslân en hy hat alris sein dat de teloargong fan de Sovjet Uny de grutste geopolitike ramp fan de tweintichste iuw wie.
It bliuwt foar in grut part ûnbegryplik hoe’t it Poetin en syn Russyske regear ta dizze misdied, dizze oarloch mei Oekraïne kamen. De reaksjes fan de Russen op de ‘militêre operaasje’ wurde in bytsje begryplik nei it sjen fan ‘De rode ziel’ út 2017. It giet om it net witte wollen, om it ligen, om it net doarre te sizzen wat men der echt fan fynt. It seit ek in soad oer hoe’t in grut part fan de Russyske befolking omgiet mei syn skiednis en machthawwers. Oars as yn it westen. In oanrieder, dizze film.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje