Farwol en oant moarn (gedicht)

april 23, 2022 09:30 Fernijd
Om it kulturele en literêre libben yn de gemeente te stimulearjen hat de gemeente Achtkarspelen in Wâlddichter beneamd. Dat is no Arjan Hut fan Ljouwert. Hy skriuwt minimaal fiif gedichten it jier, wêrfan minimaal trije yn it Frysk. Hy draacht de gedichten foar by spesjale gelegenheden of eveneminten. Alle gedichten wurde pleatst yn De Feanster en op de gemeentlike webside. De Wâlddichter Achtkarspelen is oansteld foar twa jier en nei ôfrin fan dy perioade komt der in dichtbondel mei alle gedichten.

Arjan Hut hat noch in pear opdrachten en dan is syn Wâlddichterskip foarby. It gedicht ‘Farwol en oant moarn’ is makke foar en foardroegen by de âlde gemeenteried op 29 maart 2022 yn it gemeentehûs yn Bûtenpost.

Arjan Hut (boarne: Sirkwy)

Farwol en oant moarn

In my dreams I am always saying goodbye and riding away
(Stevie Smith)

wie it mar wer sa as froeger
bromt in man op it terras
tsjin syn maat
krekt as ik de bus útstap
heal leech klinke de glêzen
de middei is hast foarby
in flarde fan in petear
it iene ear giet it yn
en dan bliuwt it hingjen
as in elpee mei in kras derop

wie it mar wer sa as froeger
ik sjoch mysels
yn de bus
werom nei Surhústerfean
de sjauffeur ken ik net
mar dochs is hy deselde as
yn alle oare bussen
dy’t ik my herinnerje
en op de radio
draait in klassike hit
dy’t my tagelyk
yn de tiid reizgje lit

mar sels as ik útstap yn de Wâlden
en de melodyen fan it Frysk om my hinne sjonge
kin ik de Wâlden o sa misse

juster sprekt in frjemde taal tenei
net langer binne wurden fan gelok
streekrjocht oer te setten nei moarn

wat ik besykje te sizzen, is, kom, we geane,
bliuw net hingjen yn wat west hat
reizgje fierder
ja, we sette de sokken deryn!
stappe net op de fyts, yn de bus, of de auto, nee,
we klimme op hynders
en sykje âlde wegen
dy’t stadich oplosse
yn de mist
en krekt as yn in dream sizze we farwol
en noait komme we werom

no is de boarne, hjir is de stream
ús hynders drinke
in soele wyn driuwt troch de greiden en de doarpen, oer brêgen en nachten

neat wolle we misse
oeral binne we by

Arjan Hut | Wâlddichter fan Achtkarspelen

april 23, 2022 09:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.