Fan no ôf ynformaasjebuorden (ek) yn it Frysk
Resint ferskynd

Undertekening Sichtberensakkoart. Foto Prov. Fryslân
Yn Fryslân sil meikoarten, sawol bûtendoar as yn iepenbiere gebouwen, mear Frysk te sjen wêze. Minister Hanke Bruins Slot fan Ynlânske Saken en de Fryske deputearre Sietske Poepjes hawwe dat op 25 april 2022 fêstlein mei de ûndertekening fan it Sichtberensakkoart Frysk. Dêr stiet yn dat se it gebrûk en de sichtberens fan it Frysk fergrutsje wolle. De oerienkomst is in oanfolling op de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2019-2023, dy’t it Ryk en de provinsje Fryslân earder al ôfsletten hawwe.
Troch in sticker ‘Kameratafersjoch’ op de Breedeplaats yn Frjentsjer op te plakken, die Bruins Slot de died by it wurd. De provinsje wol safolle mooglik buorden by wetter- en autodiken lâns yn it Frysk of twatalich meitsje. It Ryk begjint oan in proef mei twatalige ynformaasjebuorden foar tydlike paadwizers en foarljochting by rykswegen lâns. Der moatte ek mear twatalige ynformaasjebuorden yn de iepenbiere romte komme. De minister en de deputearre wolle ek mear omtinken foar it Frysk yn oare kommunikaasjemiddels.
Wet op it brûken fan de Fryske taal
It Frysk is wetlik fêstlein as taal neist it Nederlânsk. Dat betsjut dat ynwenners fan Fryslân it Frysk brûke meie yn de rjochtbank en yn harren kontakten mei oerheden. Mar it belang fan it Frysk is ek grut yn de maatskippij. It is de memmetaal fan in grut part fan de minsken yn Fryslân. Se prate it alle dagen. Dêrom sette it Ryk en de provinsje op it Frysk yn. Goede sichtberens en wiidweidich gebrûk fan de taal fersterket de posysje fan it Frysk.
Nije ôfspraken
It sichtberensakkoart rint oant en mei 2023, lykas de earder neamde bestjoersôfspraak Fryske taal. Ryk en provinsje meitsje foar de perioade fan 2024 ôf nije ôfspraken oer it brûken fan it Frysk.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje