Europeeske romtefeart wol minder ôfhinklik wêze fan Ruslân

april 17, 2022 08:38

De Europeeske romtefeartorganisaasje ESA achtet it mei it each op de ûntwikkelingen yn Oekraïne ûnmooglik om noch langer mei Ruslân gear te wurkjen. De gearwurking is foar trije plande moanneferkenningsmissys ferset. ESA sil no op syk nei oare partners.

Sojoez-raket (foto: Wikipedia/NASA – publyk domein)

De Russen, poer oer de sanksjes dy’t harren sûnt it begjin fan de oarloch yn Oekraïne oplein binne, hiene earder al harren raketten weromlutsen dêr’t Europa de romte mei yngean woe. De foarriedige útkomst is dat der no net allinnich rottekrûddjoere Europeeske satelliten, mar ek in missy nei Mars net fan ’e grûn komt. “Kekt as geane we tritich jier yn ’e tiid tebek”, seit astronaut André Kuipers yn it programma Nieuwsuur.

De direkteur-generaal fan ESA, Josef Aschbacher, is bang dat de wittenskip jierren opûnthâld oprint. “En it sil ek flink wat jild kostje. Wy moatte no Europeeske of Amerikaanske raketten bouwe en ek alle Russyske ûnderdielen yn mienskiplike apparatuer ferfange.”

De gearwurking mei Ruslân stie pland foar de moannemissys Luna-25, Luna-26 en Luna-27. Missys bedoeld om, yn gearwurking mei it Russyske romtefeartagintskip Roskosmos, ynstruminten út te testen. En yn septimber soe in mienskiplike missy in nije ridende robot op Mars sette. Beide missys geane net troch mei’t ESA fan betinken is dat se net mei de sanksjes tsjin de Russen te ferienjen binne.

Lannen dy’t it op ierde minder goed mei-inoar fine kinne, lykas Ruslân en de Feriene Steaten, wurkje faak yn ’e romte wol goed gear. Neffens Kuipers is it ynternasjonale romtestasjon ISS, dêr’t ek Japan, Europa en Kanada yn dielnimme, dêr in prachtich foarbyld fan. Kuipers hie hope dat it romtestasjon as neutraal gebiet bestean bliuwe soe. Petearen oer polityk waarden ek doe’t er dêr tsien jier lyn foar it lêst wie, al mijd. Mar de fraach is oft dat sa bliuwt. Ruslân hat al ferskate kearen drige om de stekker derút te lûken. Kuipers seit dat it moai wêze soe as Europa foar de romtefeart net mear ôfhinklik wêze soe fan oare lannen.

april 17, 2022 08:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.