Ekstra kosten iepenbier ferfier troch hege brânstofkosten

april 27, 2022 09:02

Hegere brânstof- en enerzjykosten soargje derfoar dat de provinsje Fryslân oer 2021 2,2 miljoen euro ekstra kwyt is oan it bus- en treinferfier. De konsesjes mei de ferfierders foarsjogge der neffens lanlike regeljouwing yn dat by sokke priisstigingen de tsjinstregeling yn stân bliuwt en dat de provinsje as konsesjeferliener de ekstra kosten draacht. Deputearre Steaten melden dy ôfdijer tiisdei oan Provinsjale Steaten.

Foto: Wesseltje14 at Dutch Wikipedia
– lisinsje CC BY-SA 3.0

Oan it mei it iepenbier ferfier berikber hâlden fan doarpen en stêden wie de provinsje yn 2021 al 52 miljoen euro kwyt. Yn de provinsjale boekhâlding wie mei in eventuele ôffaller fan 1,4 miljoen euro rekken holden. No’t dat bedrach heger útpakt, is der noch 800.000 euro út de provinsjale reserve nedich. Oer 2022 is ek wer sa’n ekstra kostepost te ferwachtsjen, al hinget dat fan de ûntwikkelingen fan dit jier ôf.

De ekstra bydrage is opnommen yn in ynventarisaasje fan de gefolgen fan de Oekraïne-oarloch foar de provinsjale aktiviteiten. Foar de oarloch giene prizen fan brânstof, enerzjy en grûnstoffen ek al omheech. De kosten foar it iepenbier ferfier meitsje dat dúdlik. It konflikt yn East-Europa hat dat effekt fersterke.

By de ynventarisaasje is sjoen wat de priisstigings fan it ôfrûne jier foar gefolgen hawwe foar de sechstich resultaten út it Bestjoersakkoart fan de provinsje. Op dit stuit hat dat foar de helte fan de beliedsfoarnimmens gjin gefolgen. Foar fiif resultaten binne der effekten te sjen. Foar de rest binne dy te ferwachtsjen.

Bouprojekten
De gefolgen sille benammen optrede by bou- en ûnderhâldsprojekten. Oannimmers warskôgje foar kostestigings. De kommende wiken ferwachtet de provinsje der mear dúdlikheid oer te krijen. It is gjin automatisme dat omheechgeande prizen ta ekstra útjeften fan de provinsje liede. It temporisearjen fan projekten kin ek in kar wêze.

Oant de no al konkrete gefolgen foar de provinsjale resultaten hearre neist de ekstra bydrage foar it iepenbier ferfier it stimulearjen fan skjinne enerzjyopwekking troch partikulieren, it earder opleverjen fan in digitaal loket dêrfoar, it stimulearjen om nije eksportmerken te finen en it neigean oft it realisearjen fan fleksibele húsfêsting ek foar Oekraynske flechtlingen mooglik is.

Húsfêsting
Der is ek sjoen nei de gefolgen foar aktiviteiten dy’t net yn it Bestjoersakkoart steane. De provinsje hat gebouwen dy’t er net brûkt oan gemeenten oanbean om Oekraïners te húsfestjen. Ekstra alert wêze op de cyberfeiligens fan provinsjale systemen heart dêr ek ta..

april 27, 2022 09:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.