Earste wurkkonferinsje foar Nedersaksyske streektaal

april 13, 2022 08:41

‘Grunnfluencer’ TikTok Tammo, de boerekoele feestfierders fan Poar Neem’n, de muzyk fan Mooi Wark en Wat Aans. Allegear foarbylden fan hoe’t jongelju harren streektaal omearmje. Guon beskôgje it sels as in persoanlik hannelsmerk. Wat dat oangiet komt de alderearste wurkkonferinsje Nedersaksysk yn Wolvegea op it goede momint, fynt spesjalist regionale en minderheidstalen Goffe Jensma. Jensma holp mei by de tariedingen fan de wurkkonferinsje, dy’t op freed 22 april 2022 holden wurdt.

It Nedersaksysk taalgebiet (kaart: Wikipedia/Silver Spoon – CC BY-SA 3.0)

It Weststellingwerfske Wolvegea is op 21 en 22 april twa dagen lang it sintrum fan de yn Nederlân erkende talen en minderheidstalen. Op tongersdei 21 april organisearret it ministearje fan Ynlânske Saken it sympoasium Erkende talen. Dêrby is foar it earst ek omtinken foar de gebeartetaal.

Earste wurkkonferinsje Nedersaksysk
Op freed 22 april organisearret de gemeente Weststellingwerf de wurkkonferinsje yn syn rol as foarsitter fan it Nedersaksyske taalkonvenant. Dat bart yn gearwurking mei de provinsjes Grinslân, Drinte, Oerisel, Gelderlân en Fryslân en de gemeente Eaststellingwerf. Neist fertsjintwurdigers fan provinsjes en gemeenten binne der ferskate saakkundigen op it mêd fan it Nedersaksysk taalbelied as sprekker oanwêzich. Der binne ûnder mear presintaasjes en wurkateliers oer ferskate tema’s oangeande it Nedersaksysk. De dei is ornearre foar elkenien dy’t him op de ien of oare wize mei it Nedersaksysk dwaande hâldt.

Belangstellenden kinne har oanmelde fia de webside werkconferentienedersaksisch.nl.

april 13, 2022 08:41
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Th. Dykstra april 13, 22:01

    Wurdt it Nedersaksysk op de konferinsje ek as fiertaal brûkt of bliuwt it by dierbere wurden yn it Hollânsk?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.