Dútsk parlemint stimt tsjin faksinaasjeplicht
Resint ferskynd

Foto pixabay.com
Dy’t yn Dútslân wennet, wurdt net ferplichte om him tsjin de koroanasykte ynintsje te litten. Dat hat de Dútske Bûnsdei tongersdei besletten. In útstel foar in ynintingsplicht foar minsken fan sechtich jier of âlder krige ek gjin mearderheid.
De Dútske minister fan folkssûnens Karl Lauterbach hie graach sa’n ferplichting hân. Yn Dútslân is likernôch trijefearn fan ‘e befolking yninte. Yn Nederlân is dat 86 persint. Lauterbach is benaud dat fan ‘t hjerst safolle minsken yn Dútslân siik wurde dat de sikehuzen it net bolwurkje kinne.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje