Douwe Egberts, belangrike spiler

april 25, 2022 08:56

De feart by âlds. Foto MV

Yn 1753 stiften Egbert Douwes en Akke Thijsse yn de Midstrjitte op De Jouwer in winkeltsje dat De Witte Os neamd waard. Akke wie de driuwende krêft fan de saak, want har man wie skipper. Akke lei har úteinlik ta op de ferkeap fan trije haadprodukten: kofje, tee en tabak. Dwers op de Midstrjitte lei doedestiids in feart, dy’t de oanfier fan grûnstoffen en levering fan produkten mooglik makke.

Op 10 jannewaris 1755 krigen Egbert en Akke in soan, dy’t neffens de wizânsje fan dy tiid as Douwe Egberts troch it libben gean soe. Hy wie it dy’t yn 1788 de winkel fan syn heit en mem oernaam. Douwe stoar yn 1806. Yn de tiid fan Napoleon krige de famylje de namme De Jong.

Wichtige ympulzen foar it bedriuw kamen troch de ynspanningen fan C.J. de Jong, ien fan de neikommelingen fan Douwe, mei it útwreidzjen fan de ôfset yn de provinsje, Hollân en dêrbûten, mar de namme Douwe Egberts bleau.

Yn 1925 kaam it earste segel op de tabaksferpakking, mei ynjûn troch de marketing foar de ynternasjonale ferkeap. Ien jier earder waard it systeem fan garjen yntrodusearre, keppele oan geschinken. Yn 1937 kaam de Pickwick tee op ’e merk. Neist de gewoane kofje kaam yn 1954 de Moccona oploskofje der as nij produkt by.

Mar krekt as by oare grutte bedriuwen it gefal is, waard ‘DE’ in proai foar bûtenlânske bedriuwen. It waard oernommen troch it Amerikaanske bedriuw Sara Lee. Yn 2019 wie de fúzje mei Peet’s Coffee. Underwilens wie it tabaksdiel al ferkocht. Sa bliuwt it bedriuw yn beweging en oerlibbet it oant no en is de fabryk yn de fiere omkriten fan De Jouwer al te sjen.

De âlde masinen. Foto MV

Sa út en troch is der in rûnlieding yn de âlde winkel, wente, túnkeamer en pakhús fan de famyljes Egberts en De Jong. Bysûnder is ek de útlis fan de masinen fan doedestiids. It gehiel is in ûnderdiel fan Museum Joure, dat fansels ek in soad oare aktiviteiten hat. Bygelyks ek it VVV-kantoar dêr op nûmer 99.

Koartsein, in belangrike spiler fan Fryske boaiem op it wrâldtoniel fan de ekonomy.

Matthijs Verkuijl

 

april 25, 2022 08:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.