Doede Wiersma: Wêr wiest fan ’e moarn?

april 24, 2022 07:00 Fernijd

Oertinking

Bern dy’t op keamers giene fertelden my dat mem alle sneinen nei de kofje efkes belle. Prachtich fûnen se dat. Mar, seinen se, altyd rûn it út op ’e fraach: “Hast fan ’e moarn noch yn tsjerke west?”
Sa’n fraach makket it kontakt stroef. It petear rint dêrtroch minder flot en spontaan. It bern sjocht op tsjin de fraach dy’t noch komt. Mem wachtet yn spanning op it gaadlike momint om har fraach te stellen. It binne minne betingsten foar in goed petear.
Ik begryp dy âlden wol. As de tsjerke in soad foar jin betsjut, dan gunt men dat de bern ek.
Mar, as wy efkes net mei de bern oer God prate kinne, dan kinne wy ommers noch altyd mei God oer de bern prate!

As jo en ik hjoed yn tsjerke wiene, dan ha wy minsken mist. As wy dy minsken hjoed of fan ’e wike tsjinkomme, wat sizze wy dan?
Se fertelden my dat se faak mei in ferwitend gesicht te hearren krigen: “Do wiest der fan ’e moarn net” of “Wêr wiest fan ’e moarn?” of “Ik ha dy in hiel set net yn tsjerke sjoen!”

Tomas wie der in kear net by. Doe’t syn maten him moeten, rôpen se: “Wy hawwe de Hear sjoen!” Dat klinkt al efkes oars as “Wêr wiest fan ’e moarn?”
De bêste reklame foar de tsjerke is dat tsjerkegongers entûsjasme útstrielje. It entûsjasme dat se sneintemoarns de Hear sjogge. In Hear dy’t harren safolle docht, dat se Him neifolgje yn dwaan en litten. Dat de leafde ta God en de leafde ta de neiste har ta it wêzen útspat.

De leauwige yn Psalm 122 hat dat.
Hoe sit it mei ús?

Lêze: Psalm 122

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)

Yllustraasje thússide: Caravaggio, De ûnleauwige Tomas

april 24, 2022 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.