Doede Wiersma: Oertinking
Resint ferskynd
Liet by Jesaja 53

Geertgen tot Sint Jans (± 1480), Man fan smerten, Museum Catharijneconvent, Utrecht
Sa sprekt de Hear, de God fan Israel:
Dit is myn tsjinstfeint, dy’t nei myn bestel,
jim wegen wiist – al sjogg’ jim op him del –
fan rjocht en frede.
Hy is de man, dy’t jim yn myn genede
in takomst biedt. Al sil hy deadlik lije,
hy wol jim fan jim bline waan befrije.
Syn wurd is died.
Om ús gemiene streken is hy slein,
ús skuld is op syn swakke skouders lein,
ús skande woe hy drage, oant de ein,
ús misse dieden.
Om’t wy yn ’t kwea behurden, moast hy bliede.
Wy doarmen om, de rjochte paden bjuster;
wy rûnen op ’e taast yn ’t neare tsjuster,
as skiep sa stom.
Jesaja hâldt ús in profylskets foar
fan Gods gemeente, libjend foar in oar;
sa set er ús fol leafde op it spoar
fan Gods genede.
De tsjinstfeint, dy’t wy sûnder rjocht of reden
yn ús rebelske riten wreed tamtearren
wie de rjochtfeardige, dy’t triomfearre,
de ûnskuld sels.
Wa, deale, hat echt sjoen wat God hjir docht?
Wa hie soks yn syn djipste dreamen tocht?
Yn him komt Gods bedoeling oan it ljocht.
Sjoch him, de minske!
Hy is wat God fan my en jimme winsket.
Yn dizze wrâld ha wy in opdracht krigen.
Kom op en jou jim yn de striidb’re rigen,
sa jong en âld.
Skreaun (op ’e wize fan Psalm 22) troch Jacobus Knol by myn ôfskie yn Dokkum op snein 21 april 2002.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje