Dit jier in Krokuskongres foar de Fryske studinten

april 5, 2022 17:14

Alle jierren wurdt it Krystkongres organisearre troch de ferskate Fryske studinteferienings dy’t oer Nederlân ferspraat binne: F.F.J. Bernlef yn Grins, W.S.S.F.S. yn Wageningen en D.S.S.F.S. Aldgillis yn Delft. Spitigernôch koe twa jier efterinoar it kongres net trochgean fanwegen koroana. Dêrom hat it kongres dit jier net krekt nei de Krystdagen plak, mar in pear moanne letter: 7 maaie wurdt it foarste Krokuskongres, it 89e Krystkongres, lykas altyd yn it prachtige Frjentsjer holden.

Krystkongres 2019, ûntfangst yn it stedhûs. Foto © Joachim de Ruijter

Dit jier is it tema ‘It lok fan de Friezen’. Dat is foar it kongres fan 2020 al keazen nei oanlieding fan de earste leefberensmonitor ‘Leven in Fryslân’, útfierd troch it Frysk Sosjaal Planburo (FSP): yn 2019 konkludearre dat dat der sprake wie fan in soarte fan ‘Fryske paradoks’. It fûn yn Fryslân nammentlik in situaasje mei oan de iene kant relatyf lege ekonomyske wolfeart, mar oan de oare kant just hege sosjale wolfeart en lok. Twa jier letter kaam in nij, wiidweidiger ferslach fan ‘Leven in Fryslân’, en stiet it ûnderwerp fan it Fryske lok ek noch hieltyd sintraal op it jierlikse kongres foar Fryske studinten.

Nei de ûntfangst yn it stedhûs genietsje de studinten fan in kuier troch Frjentsjer. Dan begjint it sympoasium, dêr’t in hânfol sprekkers allegear ferskate kanten fan it Fryske lok beljochtsje sil: fan it FSP sels oant de media, de kultuersektor en mear. Nei it sympoasium is der romte foar diskusje, folge troch in smûke buorrel, eat wat de studinten wend binne. Studinten dy’t net by ien fan de trije ferienings oansletten binne, kinne har ek foar it kongres opjaan troch kontakt op te nimmen fia krystkongres@gmail.com.

Krystkongres 2019. Foto © Joachim de Ruijter

april 5, 2022 17:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.