De Nasjonale Museumwike yn Natuermuseum Fryslân

april 3, 2022 08:37 Fernijd

Alle jierren yn april wurdt de Nasjonale Museumwike holden. It tema foar 2022 is: Iepenje jo wrâld. Yn it Natuermuseum wurdt ek echt in wrâld iepene, in wrâld dy’t lang lyn ûnder wetter ferdwûn is. Yn de útstalling oer Doggerlân wurde skatten fan dat ‘Atlantis fan de Noardsee’ boppe wetter helle. Spesjaal foar de Museumwike binne der op 9 en 10 april spesjale Doggerlân-aktiviteiten en der is in spesjale tagongspriis.

Foto: Natuermuseum Fryslân

Doggerlân
Yn ’e útstalling Skatten fan Doggerlân meitsje besikers in bysûndere tiidreis fan in miljoen jier. It is in reis foar jong en âld nei in prehistoaryske wrâld op ’e boaiem fan de Noardsee, dy’t ferdwûn is. Besikers komme mear te witten oer de bewenners en de bisten fan dat lân en hoe’t se har steande holden yn in omjouwing en in klimaat dat, krekt as no, hieltyd feroare.

Bonkekarre
Yn it wykein fan 9 en 10 april binne der ekstra aktiviteiten. Sa kinne bern in besite oan de Bonkekarre bringe. Dêr binne ferskate bysûndere objekten te sjen, lykas echte bonken fan iistiidbisten. Bern meie dy bonken oanreitsje en fêsthâlde. Faak komme der dan fragen lykas: oft de bonke echt is, hoe grut in mammoetfoet wol net wurde koe en wêrom’t in mammoet sa hierrich wie. Yn ’e Bonkekarre steane fiere miniatueren fan ferskate iistiidbisten, mar ek foto’s fan ark dat fan bonken makke is en in replika fan in Neandertalerdeadsholle. Alle objekten hawwe in eigen ferhaal. Trochdat der safolle ferskillende skatten binne, is foar der foar jong en âld wol wat nijsgjirrichs te dwaan.

Sels ûndersykje
In oare aktiviteit is sels bonken opgrave yn in grutte sânbak. Mei in kwastke kinne bern de bonken goed skjin meitsje. Troch te ferlykjen kinne se útfine fan hokker bist dy bonke ôfkomstich is. Dêr wurde ek fragen steld as: wêr tinke jim dat dy bonke by minsken sit? Hokker iistiidbisten kenst noch mear?

Neandertalerpaad
Doggerlân is in echte famyljeútstalling. Folwoeksenen sille in protte wille belibje oan it lêzen fan de ynformaasje en it besjen fan de objekten yn ’e fitrines, wylst de bern mei it Doggerlân Untdekblêd de útstalling ferkenne sille. Hja sille de eagen útsjen by de bisten út de iistiid. Dêrnjonken binne der ferskate aktiviteiten: hja kinne oer it Neandertalerpaad rinne en ûntdekke oft harren selskip like swier is as in mammoet.

Skatten fan Doggerlân waard mooglik troch gear te wurkjen mei it Ryksmuseum fan Aldheden yn Leien. De útstalling is oant en mei 4 septimber 2022 te sjen. De aktiviteiten yn it ramt fan de Museumwike wurde op 9 en 10 april holden. De yntree is yn dat wykein € 1,- de persoan (UnderWetterSafary net ynbegrepen).

april 3, 2022 08:37 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.