Cd-presintaasje Klatwerk3 yn De Wier Koarnjum op sneontejûn 23 april

april 21, 2022 08:47

It trio Klatwerk3 hat langer in fêst plak yn de Nederlânske jazz. De trije bandleden hawwe har talein op ‘the art of the trio’. De Nederlânske jazzparse skriuwt dêroer dat se in ynternasjonaal topnivo berikt hawwe.

Klatwerk3 (foto: ©Johan Scheffers)

Mar it is folle mear as jazz: de muzyk is krêftich, sprankeljend, meloadysk, werkenber, transparant, dynamysk en ferfine. De nije koartlyn ferskynde dûbel-cd Space Age Suite is ynspirearre troch en op films oer de ûnmjitlike romte, lykas A Space Odyssey, Star Trek en Interstellar.

De hieltyd tichterby kommende wierheid oer it hielal hat ek fan ynfloed op de komposysjes fan Boelo Klat west. Net inkeld de romte tusken de toanen, mar ek de mankelyk meitsjende leechte fan it hielal wurde op in bysûnder muzikaal nivo ferkend, krekt as de ûnfoarstelbere grutte fan it universum. Dat laat soms ta ferfrjemdzjende abstraksjes dêr’t Klatwerk3 it domein fan romtlike oardering yn betrêdet. De jûn wurdt in ynterstellêr muzikaal aventoer, as in soarte fan reizgjen yn ’e tiid… ynklusyf fisuele effekten.

Nijsgjirrich? Besjoch de promo.

Klatwerk3 bestiet út:
Boelo Klat – piano
Jan Ruerd Oosterhaven – bas
Ancel Klooster – drums en perkusje

KLATWERK3 @ húskeamerteater De Wier
Sneontejûn 23 april 2022
Oanfang 20.00 oere, doar iepen om 19.30 oere
Yntree €17,50 de persoan, fergees kofje/tee en wat lekkers derby ynbegrepen.

De Wier, 9056 PM Koarnjum

Tagong inkeld nei oanmelding op tel. 06 – 54763154 of fia bobdeboer@pinupsanddowns.com.

april 21, 2022 08:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.