Briefkje oer taal (9)
Resint ferskynd
Jan Breimer reagearret op de brief fan Ed Knotter (sjoch Briefkje oer taal (8) | It Nijs)
Bêste Ed,
By it ôfsluten fan dyn brief fan ferline wike nûgesto my út om it ris oer bynwurden en swierrichheden dêrmei te hawwen. Sels neamdest it wol of net weilitten fan oft. Dat lêste gean ik graach op yn, want dat weilitten komt in protte minsken oer. Mei wat útlis is dat faaks foar te kommen. Sa is it mysels ek gien.
Yn in sin as Hasto sjoen hoe’t er it die? sil gjinien de lêste twa tekens fan hoe’t weilitte. Dy apostrof foar de t komt yn in soad wurden foar: Ik wit net hoelang’t beppe hjir bliuwt en Hoefier’t se mei har boek is, praat se net oer. It skrapke foar de t wiist derop dat der wat weilitten is. Wy soene ek sizze kinne: hoedat er it docht, hoelang oft se bliuwt, hoefier as se is, mar minsken meie graach wurden ôf- of ynkoartsje. Dat kin lykwols net altyd.
Yn Hasto sjoen hoe handich oft er it die? past dy ynkoarting hoe’t net, want oft stiet no fierder fan hoe ôf. Yn Hoefolle dagen oft beppe hjir bliuwt is dat krekt sa. Ik tink dat we yn it algemien sizze kinne: yn in sinnen dêr’t hoe’t (of in oar fraachwurd mei ’t) net yn past, dêr is oft krekt wol op syn plak. By oare fraachwurden tink ik oan bygelyks hoefier, hoefolle, hokker, watfoar en wêr. In pear foarbylden: Mei hokker trein oft er komt, hat er net sein; watfoar oplieding oft se hân hat bliuwt dizenich; wêr yn ’e goedichheid oft ik myn mes weitôge haw, kin ik net betinke.
Kin it ek sûnder oft? Nee, foar myn taalgefoel net. Dat in protte minsken it der wol sûnder dogge, komt grif trochdat se op skoalle allinne les yn ‘Nederlandse taal’ krigen. Us Frysk praten en skriuwen is dêrtroch beynfloede. Yn de earste lânstaal is dat ferlet weifallen[1]. Sinnen as Met welke trein hij komt… en Waar ik in vredesnaam dat mes gelaten heb… wurde as goed oanfield. Dochs soe of dêr net yn misstean. Yn streektalen dy’t neier oan it Hollânsk besibbe binne, heart men soks wol.
Der binne mear kanten oan it brûken fan bynwurden. Dêr moatte we it ek noch mar ris oer hawwe.
Mei freonlike groetnis,
Jan
Oer de fuotnoat: it is krekt oarsom, ‘dat’ plakte net oan it foarnamwurd fêst, mar yn it 16e- en 17e-ieuske Hollânsk plakten guon ûnbeklamme foarnamwurden (lykas ‘men’) oan in neistlizzend wurd fêst. Se waarden útsprutsen as wienen se in foar- of achterheaksel fan dat oanswettende wurd. Sokke wurden wurde wol ‘klityske wurden’ neamd. It klityske karakter derfan waard gauris op skrift werjûn troch dy foarnamwurden oan it neistlizzende wurd fêst te skriuwen. Yn it ferske plakt ‘men’ net allinnich oan ‘dat’ en ‘waer’ fêst, mar oan ‘vintmen’ yn de fyfde rigel is te sjen dat it ek wolris oan in tiidwurd klibbet.