Briefkje oer taal (8)

april 12, 2022 09:03

Ed Knotter reagearret op de brief fan Jan Breimer (sjoch Briefkje oer taal (7) | It Nijs)

Bêste Jan,

Myn taalgefoel seit ek dat it tiidwurd nei efteren moat, mar dat hoecht net perfoarst. Do neamst it bykommend foardiel dat oare parten fan de sin moai byinoar bliuwe. Dat like my yn dyn foarbyld de wichtichste reden. Yn it algemien jildt dat wat it wichtichste is, it fierst nei rjochts giet, omdat dêr it aksint falt.

Yn in bysin is it wat oars: dêr komt de persoansfoarm sa fier mooglik nei efteren. Dy regel is miskien wol it sterkst yn it Dútsk. Ik wit noch dat Erik Kwakernaak* dêr in jiermannich ferlyn yn Levende Talen Magazine in nijsgjirrich artikeltsje oer skreaun hat. Yn myn foarige sin heart de persoansfoarm ‘hat’ dus by it ûnderwerp ‘Erik Kwakernaak’. Neffens him is dat in eigenskip fan Germaanske talen. In lestige eigenskip, want learlingen Dútsk wrakselje gauris mei de krekte persoansfoarm, dy’t ommers passe moat by it ûnderwerp, dat hielendal oan it begjin fan de bysin stiet. Wat langer de bysin, wat dreger oft it is om it ûnderwerp fêst te hâlden.

As ik no sis dat we de bysin sa lang meitsje kinne as we wolle, kom ik op in oar probleem fan de bysin. Ik haw oanstriid om dêr it bynwurd dat yn te foegjen: sa lang meitsje as dat we wolle. In bysin begjint yn prinsipe ommers altyd mei ‘dat’, yn ferskate foarmen lykas oft, ’t, as en sels at (mar dat kin miskien mar better bûten it Standertfrysk holden wurde). Yn de sin ‘Witsto oft er jûn komt?’ is oft gjin probleem, mar yn ‘Witsto hoe âld oft er is?’ wurdt dat oft gauris weilitten.

Dêr hasto grif wol mear foarbylden fan. Soest dêr ris op yngean wolle?

Oant de oare kear en
groetnis,

Ed

Erik Kwakernaat is germanist en dosinte-oplieder. Hy is earelid fan de VLLT (Vereniging van Leraren in Levende Talen) en sit yn de redaksje fan LTM, it fakblêd fan dy lanlike feriening.
april 12, 2022 09:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.