Briefkje oer taal (7)

april 5, 2022 08:00 Fernijd

Jan Breimer reagearret op de brief fan Ed Knotter (sjoch Briefkje oer taal (6) | It Nijs)

Bêste Ed,

In goed idee fan dy: lit ús it ris oer sinbou hawwe. Ik sjoch in soad Fryske teksten nei en it falt my op dat ik gauris oanstriid haw om de folchoarder fan wurden oan te passen. Dan giet it benammen om it plak fan it tiidwurd. Ik bedoel net dat ik yn in sin as “It muoit my dat ik dat haw sein” de lêste twa tiidwurden omwikselje wol. Soks hear ik wol oeral om my hinne, mar yn Frysk skreaune teksten kom ik dat amper tsjin.

Yn hiel koarte sinnen (“ik lês in boek”) is oer it plak fan it tiidwurd gjin fersin mooglik, mar by wat dregere lykas “Foarhinne waarden de boadskippen brocht troch de winkelman” jou ik de foarkar oan “Foarhinne waarden de boadskippen troch de winkelman brocht.”
Noch in foarbyld: “As ik it lawaai hear fan it autoferkear, dan bin ik bliid wat wy wat efterôf wenje.” Myn taalgefoel jout my yn om dêr “As ik it lawaai fan it autoferkear hear, dan…” fan te meitsjen. Yn beide foarbylden set ik it tiidwurd yntuïtyf efter yn de sin. Yn it lêste foarbyld hat dat ek noch it foardiel dat it begryp ‘lawaai fan it autoferkear’ net yn twaen knipt wurdt.

Soksoarte – en gauris noch wat dregere gefallen – kom ik sa faak tsjin dat ik my wolris ôffreegje oft ik in ôfwikend taalgefoel haw. Ik tink dat it tiidwurd, as it kin, sa fier mooglik nei efteren moat, mar hoe komt it dat in protte minsken dat net sa fiele? Hat it mei Hollânske beynfloeding út te stean? Do ûnderstelst ek, begryp ik út dyn lêste sin, dat yn Germaanske talen, en dan benammen yn bysinnen, it tiidwurd efter yn de sin komt. Kinsto my dêr wat wizer oer meitsje?

Oant de oare kear mar wer.

Jan

april 5, 2022 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.