Briefkje oer taal (10)

april 26, 2022 08:00

Ed Knotter reagearret op de brief fan Jan Breimer (sjoch Briefkje oer taal (9) | It Nijs)

Bêste Jan,

Earst mar efkes oer dyn foarige briefke en benammen dy âlde Nederlânske tekst en de nijsgjirrige reaksje fan Henk dêrop. Dat oaninoar plakken fan wurden is dochs wol apart. Bij vintmen hâld ik it gefoel fan twa wurden; bij waermen en datmen ek wol, mar minder sterk. It is krekt as hawwe waer en dat (yn waermen en datmen) in legere status. By de gearstalde bynwurden yn it Frysk fernim ik dy legere status mear yn it oanplakte bynwurdmorfeem (dat en ’t)

Yn prinsipe binne der mar trije (ûnderskikkende) bynwurden: dat, oft en as. Ik sil at nea brûke, want foar my is dat allinnich mar it skriftlik werjaan fan de útspraak fan oft. Fonetysk is it [ɔt].

Troch kombinaasjes mei oare wurden (fraachwurden en oare modale wurdsjes) binne der folle mear bynwurden, dy’t allegearre op dat of ’t einigje. Wy hoege dy lêste t mar te hearren, of wy begripe dat der ferwiisd of ferbûn wurdt. It Frysk is dêr hiel konsekwint yn, mear as it Hollânsk. Sa’t it Frysk doe’t hat, hat it Hollânsk net toendat. En voordat wurdt gauris ôfdien mei (allinnich) voor [‘De deuren niet openen voor de trein stilstaat’, warskôget de NS], wylst it yn it Frysk altyd foar’t of ear’t is. It op dy wize foarmjaan fan Fryske bynwurden hat him yn de foarige iuw, of justjes langer, ûntwikkele, want by de Halbertsma’s wie bestie dy noch net.

Opfallend is dat oft gjin apostrof hat, wylst it dochs dúdlik in gearfoeging fan of en dat is. Ik haw ien ris sizzen heard: ‘Je moet je hele leven blijven leren, hoe oud of dat je ook wordt.’ Dat wie ûnderwiisminister Maria van der Hoeven, ôfkomstich út Limburch, mar dêr wol ik fierders gjin konklúzjes oan ferbine. Mar it ûnderdtreket wol watsto al neamdest, nammentlik dat as streektaalpraters har yn it Nederlânsk (Hollânsk) uterje, der gauris spesifyk taaleigen te hearren is.

Mei freonlike groetnisse,

Ed

april 26, 2022 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.