Bouwe de Boer: Dreame fan in griene strjitte
Resint ferskynd
Kollum
Net salang lyn waard ik troch in lid fan de Wurkgroep Grou 2030 frege om sjuerylid te wêzen. Sjuerylid fan in wedstriid mei de gjalp Mear grien yn dyn strjitte? Betink wat kreätyfs!
De ynwenners fan Grou wurde oproppen om mei in grienplan foar harren strjitte te kommen. De wurkgroep ‘grien en bioferskaat’ hat betocht dat der wol wat mear grien yn Grou komme kinne soe en fuortdaliks de ko by de hoarnen pakt. Dat spriek de gemeente Ljouwert sa oan dat dy de oanliskosten fan it winnende plan betelje wol. Dat is nochris loyaal en meitinkend fan de gemeente! Gemeenten jouwe hieltyd faker harren personiel de romte om (mei nocht en wille) mei te helpen oan plannen dy’t yn de doarpen sels betocht wurde. Yn de nije kolleezje-programs sil dêr grif ek mear omtinken oan jûn wurde.
De winnende strjitte sil grif geselliger wurde. Yn in gesellige griene strjitte bliuwt men ommers makliker efkes stean en makket men gauwer in praatsje. Foar de temperatuer is it better en fansels foar de fûgels en ynsekten ek.
It moaiste fan it gehiel is faaks noch it proses yn de strjitten om ta in ûntwerp te kommen. Ik bin benijd hoe’t dat ferrinne sil! Fuort mei auto’s yn it belang fan it grien bygelyks? Dat kin heftige diskusjes opleverje. Mar dêr is ek in oplossing foar…? Jawis! Yn Grou is ek belangstelling foar dielauto’s. Dy belangstelling giet it yn de Fryske doarpen hurd mei troch in oanbod fan Fryske autobedriuwen. Der binne dus moaie kombinaasje mooglik. Mar goed, as sjuerylid sil ik my dêr fierder mar net mei ynlitte. Grousters binne kreätyf genôch, sels yn ’e eagen fan Akkrumers. 😊
Grousters, stjoer jim plannen foar 1 maaie yn. Sjoch op www.grou2030.nl. Dat Grou in foarbyld foar oare doarpen wêze mei!
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje