Bonusôflevering podcast ‘Baba’ oer de oarloch yn Oekraïne
Resint ferskynd
It is tongersdeitemoarn 24 febrewaris 2022. Willem Voogd wurdt wekker en docht wat er de lêste tiid hieltyd docht: hy pakt syn telefoan om te sjen oft wêr’t er bang foar is al bard is. Nei wiken fan oprinnende spanning tusken Oekraïne en Ruslân is it hege wurd der einliks út: Ruslân falt Oekraïne yn, it is oarloch.

Willem Voogd (foto: ©NTR)
Yn 2021 makke Willem Voogd syn podcast Baba oer de reis dy’t syn Russyske beppe yn de Twadde Wrâldoarloch ûndernaam. Mei har oantinkens yn ’e hân reizge er har efternei om de ferliking tusken syn en har Europa te meitsjen. Allinnich wist er doe noch net dat de wrâld, en dan benammen de wrâld dêr’t sy weikaam, sa drastysk feroarje koe.
Oer Baba
Yn 1944 beslút in 21-jierrige Russyske frou om foar de leafde in libbensgefaarlike reis troch oarloch fierend Europa te meitsjen. Fan de Swarte See nei de Noardsee. Fan Odessa nei Velsen. Dat se dy reis troch nazy-Europa folbrocht hat, is in wûnder. Oan dat wûnder tanket podcastmakker Willem Voogd syn bestean. Yn 2021 reizget har beppesizzer Willem Voogd yn har fuotleasten troch Europa. Wat makke sy mei? Hoe gefaarlike wie dat? Hoe sjocht Europa der no út? En, wa wie dy man op wa’t se fereale waard?
Baba is in podcast fan de NTR foar NPO Radio 1, dy’t Voogd mei finansjele stipe fan it NPO-fûns. makke. Baba is yn alle bekende podcast-apps te beharkjen.

Willem Voogd yn Odessa (foto: ©NTR)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje