Presintaasje Oekraynsk berneboek ‘Maia en har freonen’
Resint ferskynd
Op tongersdei 21 april is de presintaasje fan Maia en har freonen, in berneboek út Oekraïne, troch Tialda Hoogeveen fia it Ingelsk nei it Frysk oerset.

Boarne: Boeken fan Fryslân
It tastânkommen fan it boek is in unikum: ûnder de flagge fan Boeken fan Fryslân steane alve Fryske útjouwers mei-inoar foar dizze útjefte en de ferkeap derfan. De folsleine opbrinst giet nei UNICEF-Oekraïne, dy’t him foar bern dy’t yn Oekraïne achterbleaun binne ynset.
It boek fynt net allinne syn wei nei de Fryske lêzers, mar is ek yn in soad oare talen oerset, sadat it no yn Sweden, Letlân, Dútslân, it Feriene Keninkryk, Poalen, Estlân en Yslân te lêzen is. Yn Fryslân is it inisjatyf royaal sponsore troch: de Provinsje Fryslân, Stichting FLMD, Douwe Kalma Stifting, Ried fan de Fryske Beweging, Tony Feitsma Fûns, Arjen Witteveen Fûns en Drukkerij Van der Eems.
Krimoarloch
De skriuwster fan it Oekraynske boek Larysa Denysenko – sy ferbliuwt op it stuit noch yn Oekraïne – hat it boek yn ‘e tiid fan de anneksaasje fan de Krim skreaun. Yn Oekraïne is it net mear te krijen, mar troch de Europeeske útjouwers stiet it wer rûnom yn de belangstelling.
Utnûging boekpresintaasje
De presintaasje fan it boek is yn de bibleteek fan Snits, op tongersdei 21 april 2022 om 16.30 oere. Adres: Wijde Noorderhorne 1. Minsken dy’t belangstelling hawwe foar it bywenjen fan de presintaasje, kinne har by de bibleteek fan Snits fia: sneek@BMF.nl opjaan.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje