Betinkingskonsert 4 maaie 2022 Ljouwert
Resint ferskynd
Op woansdei 4 maaie fersoarget de Ljouwerter Bachferiening it betinkingskonsert yn de Ljouwerter Grutte of Jakobinertsjerke. Dat begjint om 20.45 oere, fuortdaliks nei it lizzen fan in krânse yn de Prinsetún. Behalven it koar fan de Bachferiening wurkje mei: leden fan de Schola Liturgica Leeuwarden, de oargelist Theo Jellema en de sopraan Agnes van Laar. Geke Bruining-Visser hat de algehiele lieding.
Op it programma steane lieten fan de Ingelske komponist Charles Hubert Hastings Parry (1848-1918) út Songs of Farewell, in bondel dy’t er yn de Earste Wrâldoarloch skreau, oandien troch oarlochsgeweld. De fergonklikheid fan it libben komt dêr skrinend yn nei foaren. Hoe dêrmei te libjen en hoe sielerêst nei de dea te finen?
It hiele programma stiet in dat teken. Dat jildt ek foar de kantate ‘As the leaves fall’, dy’t Harald Darke (1888-1976) yn 1917 op it gedicht fan J.M.Courtney út 1916 skreau. Darke wie offisier yn it Britske leger en stelde in bondel gear oer soldaten yn oarlochstiid, doe en no ek wer sa pynlik oan ’e oarder.
Fan de Noar Kim Arnesen (1980) wurdt in a-capellastik ‘Even when He is silent’ songen. De tekst is neffens sizzen troch in Joadske ûnderdûker yn de Twadde Wrâldoarloch yn in muorre skrast. It giet oer hoop en leauwe yn in bettere wrâld, netsjinsteande in God dy’t yn tsjusternis swijt.
It programma duorret om ende by in oere. Tagongsprijs € 12,50. Bern en jongfolk oant 18 jier frij. Kaarten binne te bestellen en te beteljen op www.ticketkantoor.nl/shop/4mei-concert22.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje