Bert de Jong: Sjoernalisten as striders foar it frije wurd

april 11, 2022 12:06

Lêzing

Oarloch hat grutte konsekwinsjes foar de frije parse. It gegeven is heechst aktueel, sjoch nei hoe’t yn Ruslân de macht fan in diktatoriale hearsker regaad makket mei de frijheid fan minsken en dy fan it frije wurd. Sjoernalisten kinne net beskriuwe of sjen litte wat sy sjogge en hearre. It earste wat fierders dien wurdt troch de machthawwers, is ûntkenning. Fan alles, ek fan wat it bleate each sjocht. It is wat yn de kearn troch keizer Napoleon Bonaparte al ferwurde waard yn: ‘Om geloofd te worden hoeft men slechts de waarheid ongelooflijk te maken.’

Pater Titus Brandsma, soan fan it Fryske folk, stiet ek yn dizze tiid symboal foar in frije parse, ek yn oarlochstiid. Hy wie fan bûgjen frjemd. As sjoernalist – dat wie er ek lange tiid – liet er him net oplizze om te skriuwen wat oaren tochten, alhiel net troch de Dútske besetter yn de oarlochsjierren. Hy bûn de katolike kranten op it hert gjin NSB- en nazy-propaganda yn de kolommen op te nimmen. Rillegau waard er oppakt, bedarre yn de finzenis en úteinlik yn it konsentraasjekamp Dachau. Dêr makken de Dútsers op 26 july 1942 mei in deadlike ynjeksje in ein oan syn striid foar frijheid.

De betsjutting fan Titus Brandsma foar sjoernalistyk is grut. Hy kaam op foar it frije wurd, wie geastlik adviseur fan ferienige katolike sjoernalisten en wie in ier bepleiter fan in sjoernalistike oplieding. Yn maaie 2022 wurdt de yn 1881 yn Oegekleaster by Boalsert as Anno Sjoerd Brandsma berne pryster hillich ferklearre yn Rome. Yn him ha de sjoernalisten rûnom op de wrâld in foarbyld, foar no en de takomst. Mei rjocht meie wy grutsk wêze op in man dy’t foar de frijheid fan parse mear die as skikken.

Yn tiden fan frijheid is it maklik praten. Haadredakteur Jan Witsen Elias wie earst hoeden, mar yn 1937 warskôge hy planút yn syn Ljouwerter Krante foar it nasjonaal-sosjalisme en it fassisme en joech it adfys net op de NSB of de kommunisten te stimmen. Mar dan dochs… It komt ek oan op earne foar stean. Nei it útbrekken fan de oarloch pasten de measte kranten har oan. Deis neidat de Dútske bommen de stêd Rotterdam ta pún makke hiene, skreau de Ljouwerter Krante oan de lêzers: ‘Men schikke zich in het onvermijdelijke.’

Rykdom en earmoede

De rykdom oan sjoernalistike útjeften yn Fryslân is tagelyk de spegel fan de earmoede. De tiid dat it barren yn de provinsje begelaat waard troch sjoernalisten fan fiif gruttere deiblêden is foarby. Fansels Leeuwarder Courant en Friesch Dagblad hawwe de tiid trochstien. Mar lit ús ek tinke oan it katolike Ons Noorden, de Fryske edysje fan Het Vrije Volk, Nieuwsblad van Friesland (‘Hepkema’s Courant’) en yn it bysûnder de eigen krûdichheid fan de Friese Koerier. Foar lêzers wie in abonnemint op de krante – sy fielden harren trouwens lid – it middel foar sosjale en kulturele yntegraasje. De Fryske taal en kultuer wiene foar harren gewoan en wiene der ûnderdiel fan.

De lêzers fan dy Friese Koerier yn it súdeasten fan Fryslân fielden har nei de oarlochsjierren desennia lang ferbûn mei de ynspirearjende wurden fan haadredakteuren Fedde Schurer en Laurens ten Cate. In boechbyld fan in krante wie wichtich, want ek de lokale Drachtster Courant hie in fin mear as in bears mei de dichter en skriuwer Freark Dam, dy’t syn lêzers meinaam yn in nij en waarm kultureel en sosjaal klimaat. De betsjutting foar it mienskipsgefoel hat grut west. Hjir wie it de haadredakteur dy’t sels ek nochris de kulturele útspattingen op priemmen sette of triuwkes joech ta meardere eare en gloary fan de streek.

Sa kleurryk as it lang wie mei streekkranten is it net mear yn Fryslân. De provinsje koe hiel lang krekt in blommetún wêze, rûnom bloeiden kranten en krigen lêzers it nijs thús besoarge. No binne dy lokale blêden in bongel oan ’e poat fan útjouwers. Meast mei knip- en plakwurk fan tastjoerde parseberjochten wurde de kolommen ynfolle. De tiid is foarby dat by elk fan de yllustere titels as Sneeker Nieuwsblad, Drachtster Courant, Nieuwe Dockumer Courant in hânfol sjoernalisten yn it spier wie foar eigen ferhalen. As hoeder en noeder fan de lokale demokrasy hawwe se harren doel opjûn.

Krante en taal fan it gefoel

Lyts as krante mei 1350 abonneminten, mar net minder grut yn betsjutting, is de Bildtse Post. Op de weagen fan de emansipaasje fan it Frysk koene ek de Biltske taal en kultuer gedije en dizze streekkrante hie dêr in wichtich plak yn. It Biltsk waard foar de Bilkerts wer gewoan yn gebrûk, krektsa as mei it Frysk. As bewiis dêrfan jildt dat yn de wyklikse skûtelbank yn de krante it wenst waard om de Biltske taal te brûken foar in deaberjocht. It Biltsk is foar de minsken dus de taal fan it gefoel. De krante makke it lêzen fan de Biltske taal ta it nije normaal. Sa gewoan kin taal dus foar it folk wêze.

Gerard de Jong hat as de lêste haadredakteur krekt as syn heit Dirk Jan en syn pake Gerryt Dirks al syn siel en salichheid yn syn krante lein. Tagelyk wiene hja ek ambassadeurs fan de Biltske taal en kultuer. Gerryt Dirks joech syn libben lang ek alderhande ympulzen oan it kulturele libben yn syn streek en brocht der in nij Biltsk bewustwêzen. Syn pakesizzer wie syn opfolger doe’t er yn it jier 2000 syn lêste Bildts Praatsy skreaun hie. De takenning fan de Bildtse-Kultuurpriis yn 2015 wie de kroan op alle wurk om it wêzen fan It Bilt en de Bilkerts yn wurden te gripen.

It moaie is de betsjutting foar de Biltske taal en kultuer: de makkers skikten net. As fêste gast yn in part fan de 4500 hûshâldens wie de Bildtse Post oant de simmer fan 2021 ‘op dut klaine plakky grônd de lym, ’t bynmiddel in de gemeenskap’. De krante brocht sûnt 1935 de Bilkerts op de hichte fan it libben yn de eigen kontreien, mar it wie yn it earstoan mear as dat. Ek de wrâld fierderop krige omtinken. Ek op de foarside berjochten oer Chroestjov en Kennedy, sa is yn de âlde boeken mei sammele jiergongen werom te finen. De Bilkerts waarden sa bypraat oer de tastân yn de wrâld mei harren eigen lokale nijsbringer.

Wier en ûnwier

Oangeande it frije wurd dat hjir sa gewoan is, toant Ruslân dat it maklik oars wêze kin. Sjoernalisten meie dêr net oars skriuwe as wat de machthawwers wolle. It docht daliks tinken oan ús Twadde Wrâldoarloch, de tiid dat de Dútske besetter de greep naam op de media yn it lân. Foar de útjouwer fan de Leeuwarder Courant wie mei soks te libjen, foar dy fan in streekkrante as Bildtse Post net. Se ferrekten it om Dútske propaganda yn de kolommen op te nimmen. De printerij fan De Jong en Van Leer krige gjin papier mear en soe pas nei de oarloch wer in krante ferskine litte. Goed te witten dat sa’n beslút in kar is en konsekwinsjes hat: sy moasten jierrenlang skobberdebonk libje, mar sy skikten net.

It nijs giet troch, dat is foar wis. Allinnich is it hjoed-de-dei komplekser, want al daliks wurdt de werklikheid as earste ûntkend. It ferskil tusken wier en ûnwier is de boarne fan strideraasje. Sjoernalisten wurde twongen om twa- of trijedûbeld te bewizen dat itjinge wier is dat mei eigen eagen sjoen is of dat de eigen earen heard hawwe. Sy moatte – mei yn guon gefallen as offer harren eigen libben – sa harren drege wurk dwaan. En dat yn in opdielde wrâld.

Lokkich is der in grutte groep dy’t feiten en ferhalen foar wier oannimme wol en dêrmei ek hoedet en noedet oer ús frijheid en yn it bysûnder dy fan it frije wurd. Mar der is ek in grutte groep dy’t ûnderstrûpt yn de kompleksiteit fan hjoeddeistige ynformaasjestreamen en fan harren ûngeloof in geloof makket. De ûntkenning fan de werklikheid is hast de grutste bedriging fan de sjoernalistike frijheid. Fier fuort, mar ek hiel tichtby.

Dit is in bewurke en ynkoarte ferzje fan de foardracht fan sjoernalist Bert de Jong op it Sieperda-sympoasium oer de nijskultuer yn Fryslân fan it Koninklijk Fries Genootschap op 8 april 2022 yn Ljouwert. Dy foardracht sil letter dit jier ek de basis foarmje foar in artikel yn it wittenskiplik jierboek De Vrije Fries fan dat genoatskip.
april 11, 2022 12:06
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Abe april 11, 15:04

    Ik mei dochs hoopje dat de redaksje fan De Vrije Fries, yn de Fryske wrâld in ridlik respektearre publikaasje, dizze ferbjusterjend naïve en populistyske ûnsin fan dhr. De Jong weromstjoere sil mei in heleboel fragen om opheldering. ‘De werklikheid’ wurdt ‘hjoeddei as earste ûntkend’, ‘it ferskil tusken wier en ûnwier is de boarne fan strideraasje’, en dat is allegear sá sneu foar sjoernalisten, want dy helden hawwe ommers ‘mei eigen eagen sjoen’ en ‘mei eigen heard’ wat wier is. De driging foar de frjie parse is dat minsken net alles leauwe wat har foartoetere wurdt. Wat in briljante analyze. It iennichste wat 99,999 persint fan dy geweldige sjoernalisten yn Oekraïne docht, is yn Lviv sitte en wachtsje oant der wer ris in ‘parsekonferinsje’ optúgd wurdt troch Zelensky. It iennichste wat dy geweldige sjoernalisten te uzes dogge, is tekst fan grutte (Amerikaanske) parseburo’s byfykje sadat se yn ‘e krante passe. It iennichste wat nijsconcerns te uzes dogge, is it feit ferbergje dat it frije wurd net troch krityske nijskonsuminten bedrige wurdt – dy konsuminten brûke trouwens in stik mear boarnen (sosjale media, vlog, blog, streams en gean mar troch) út in wrâld dy’t in stik frijer is as dy fan De Jong syn ‘frije wurd – mar troch de kommersjele struktuer fan de nijsfoarsjenning, it ôfknipen fan kritysk potinsjeel op redaksjes (personele besunigingen), it kritykleas printsjen fan ferhalen dy’t oerheden graach yn print sjogge, en it smoaren fan alle alternative lûden. Dát is de werklike bedriging foar it frije wurd.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.