Balkankonsert yn Ljouwert

april 19, 2022 10:39

Boarne: HeNA-festival

Kommende sneon, 23 april, is der yn Ljouwert in Balkankonsert. De firtuoaze en mei withoefolle ynternasjonale prizen bekroande gitarist Radomir Vasiljević bringt dan mei syn Balkanorkest opswypkjende etnyske muzyk.

In optreden fan Radomir Vasiljević and his Balkan Orchestra is sawol in konsert om nei te harkjen as in orizjineel Balkanfeest. It publyk wurdt meinommen op in spannende muzikale reis, dêr’t nostalgyske gipsy ballads en oansteklike dûnsnûmers yn in rap tempo op ôfwiksele wurde.

It orkest bestiet út gitaar, slachwurk, kontrabas, klarinet en akkordeon. De sjongster en dûnseresse trede yn tradisjonele Balkanklaaiïng op.

It konsert is yn de Ljouwerter Gruttsjerke oan de Bredeplaats. It begjint om 20.00 oere. De yntreekaarten kostje € 15,–.

april 19, 2022 10:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.