Australyske wetterstof as ferfanging fan Russysk gas nei Nederlân en Dútslân

april 4, 2022 08:39 Fernijd

Dútslân wol grutte hoemannichten griene wetterstof mei help fan tankers út Australië ymportearje. Dat hawwe it Australyske enerzjybedriuw Fortescue Future Industries (FFI) en it Dútske enerzjybedriuw Eon buorkundich makke op in parsekonferinsje yn Berlyn. Eon is it Dútske memmebedriuw fan it Nederlânske Essent.

Foto: Wikipedia/Dirk Ingo Franke – CC BY-SA 3.0

Op termyn moat de wetterstof, dy’t mei sinne- en wynenerzjy opwekke is, fossile brânstoffen ferfange. Dat moat de ôfhinklikheid fan Europeeske lannen fan Russyske brânje ferminderje. Nederlân en Dútslân wolle dat sûnt de oarloch yn Oekraïne sa gau mooglik foarinoar krije.

Dochs sil it noch in hoart duorje foar’t der wetterstof troch de liedingen yn Dútslân en Nederlân streamt. De bedriuwen tinke op syn betiidst yn 2024 de earste tonnen leverje te kinnen. Yn fazen moat dat útboud wurde ta fiif miljoen ton wetterstof yn 2030. Omrekkene is dat neffens de bedriuwen likefolle enerzjy as rûchwei in tredde fan wat Dútslân no oan brânje út Ruslân ymportearret. It is de bedoeling dat ek Nederlân en oare lannen de wetterstof ôfnimme sille. Hokker part nei Nederlân komme sil, en hoe’t it transport en de fersprieding gean sille, stiet noch net fêst. Dat wurdt noch troch de bedriuwen ûndersocht.

De Dútske en Australyske oerheid steane efter it plan. It Dútske ministearje fan Ekonomyske Saken en de Australyske ambassadeur yn Dútslân sizze dat se wiis mei it foarnimmen binne.

april 4, 2022 08:39 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.