Alexandra Engelfriet kriget Van Achterberghpriis 2022

april 22, 2022 09:08

De Stichting Van Achterbergh-Domhof rikt de Van Achterberghpriis dit jier oan keunstneresse Alexandra Engelfriet (1959) út. Om ’e twa jier wurdt de priis, besteande út in bedrach fan € 15.000, takend oan in persoan of ynstelling dy’t in bysûndere bydrage levere hat oan de ûntwikkeling fan de keramyske keunst en keramyk yn Nederlân. Njonken it jildbedrach kriget frou Engelfriet in útstalling yn Keramykmuseum Prinsessehof, te sjen yn ’e hjerst fan 2022.

Alexandra Engelfriet ‘Under Ground – 60 tons of clay, a digger, a body’ (foto: ©Liedeke Kruk)

Alexandra Engelfriet kriget de priis foar har hiele oeuvre en yn it bysûnder foar har útfieringen en grutskalige projekten. Neffens de sjuery kombinearret se in grutte technyske behearsking mei in poëtyske ynslach, dêr’t foarmen en prosessen út de natuer in hieltyd gruttere rol yn spylje. ‘Alexandra Engelfriet doart de tapaste foarm fan keramyk los te litten om harsels letterlik en figuerlik yn it materiaal klaai ûnder te dompeljen. Hja jout harsels folslein oan de klaai oer, sawol fysyk as mentaal, en giet hielendal yn ’e ierde op. Hja rekket dêrmei oan de fûneminten fan de Stichting Van Achterbergh-Domhof: de wikselwurking tusken minske en klaai, en de fraach wêr’t klaai einiget en keramyk begjint.’

Alexandra Engelfriet
Alexandra Engelfriet is renommearre en priiswinnend keunstner en útfierder. Hja studearre oan de Gerrit Rietveld Akademy yn Amsterdam. Yn 2015 wûn se brûns op de Gyeonggi International Ceramic Biennale yn Súd-Korea. Har wurk is ûnder oaren opnommen yn de kolleksjes fan it Victoria en Albert Museum yn Londen en Museum Boijmans van Beuningen yn Rotterdam. Earder wie har wurk al yn it Prinsessehof te sjen yn de útstalling Sexy Ceramics (2016). Doe beklaaide se de muorren fan in útstallingsseal mei klaai.

Stichting Van Achterbergh-Domhof
De Stichting Van Achterbergh-Domhof beheart de neilittenskip fan de samler en oprjochter, J.W.N. van Achterbergh (1928-2009). Sûnt de oprjochting yn 2005 hâldt de stifting him dwaande mei it befoarderjen fan tapaste keunst, yn it bysûnder dy fan de keramyk. De stifting ferlient dêrfoar subsydzjes oan keramisten, keunstners en ynstellingen. Dêrneist wurdt om de twa jier de Van Achterberghpriis takend.

De útrikking fan de Van Achterberghpriis is yn septimber 2022 yn Ljouwert. Sjoch foar mear ynformaasje oer de Stichting Van Achterbergh-Domhof op www.vanachterbergh.nl.

april 22, 2022 09:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.