Al in jier oan delslach fallen yn Sydney

april 8, 2022 08:32 Fernijd

Australië wurdt al in skoftlang teheistere troch ekstreem reinwetter. Yn Sydney is yn goed trije moanne tiid al de hoemannichte delslach fallen dy’t normaal yn in jier tiid falt. Minsken yn leechlizzende parten fan de stêd wurde evakuearre.

Foto: morguefile.com

Bewenners fan in fersoargingstehûs moasten hommels harren wente út fanwege it ekstreme reinwetter. Yn it noardwesten fan de stêd waard in man troch it wetter meisleept, mar rêdingswurkers koene him rêde. Op sosjale media binne bylden te sjen fan omfallen beammen en reau dat troch oerstrûpte strjitten besiket te riden. De autoriteiten warskôgje dat rivieren bûten de oeren streame kinne. Nei alle gedachten sil de Warragamba-daam, de wichtichste wetterboarne fan Sydney, oerstreame.

In wykmannich lyn waarden de dielsteaten Queensland en New South Wales, dêr’t Sydney yn leit, hurd troffen. Troch it ekstreme waard kamen 21 minsken om it libben. Saakkundigen neame klimaatferoaring as oarsaak fan de ramp. Sawol eksperts as slachtoffers ferwite it Australyske regear dat it dêr te min omtinken foar hat.

april 8, 2022 08:32 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.