Abe de Vries: It Skriuwersboun en ‘The Lucky Six’

april 9, 2022 12:53

Abe de Vries. Foto © Tresoar Haye Bijlstra

Foar my haw ik it fiif siden tellende plan fan It Skriuwersboun, foar, sa’t derboppe stiet, ‘in ridlike beleanning foar skriuw(st)ers en mear promoasje’, en, yn lytsere letters, ‘mear kar-út foar lêzers en harkers’ en ‘mear boeken en bondels yn it Frysk’.

De good old Sovjet-Uny hie fiifjierreplannen, leau ’k, dêr giet It Skriuwersboun no oerhinne mei in mar leafst tsienjierreplan. Want, sa einigje de útstellen: ‘De boppe omskreaune wurkwize moat minstens tsien jier de tiid krije om har [sic] te bewizen. Minsken dy’t har bêst dogge moatte de romte krije.’ Wa en wat mei dat lêste krekt bedoeld wurdt is ûndúdlik. Miskien moatte wy it tsienjierreplan earst ris op ús gemak lêze. Wol kin alfêst sein wurde dat dit inisjatyf in hiele stap foarút is ferlike mei it earste útstel fan it nije Skriuwersbounbestjoer, july 2021. Dat gie doe oer riante frijwilligersfergoedingen foar bestjoersleden fan, jawol, It Skriuwersboun.

It plan bestiet út twa, op it each, ridlike útstellen (A en B) en it ding dêr’t it eigentlik om draait (C).

Earst A. Tariven. It bûn stelt út dat skriuwers (m/f/û) tenei alle kearen betelle wurde sille foar in publikaasje, lêzing of tsjinst (optreden), en hantearret dêrby de folgjende minimale bedraggen:

* optreden, lêzing, foardracht foar publyk yn in seal 100,-
* idem foar radio of televyzje 100,-
* gedicht, koarte resinsje, kollum yn tydskrift of krante 150,-
* skôging, essee, koart ferhaal, lange resinsje 200,-
* fraachpetear 300,-

Skriuwers meie har ek méar betelje litte as de boppeneamde minimumbedraggen, meldt it goederjouske Boun. It bestjoer hat media alfêst oanskreaun mei it fersyk om yn alle gefallen de minimumbedraggen út te beteljen. De list mei minimumbedraggen liket lykwols opsteld troch minsken dy’t net werklik witte wêr’t se it oer hawwe, mei permisje.

In lêzing hâlde foar 100,- euro? Hat it Skriuwersboun in idee hoe’n lange tarieding (en hoefolle al opboude en oanwêzige kennis) noadich is om in lêzing (faak 20-30 minuten) oer in literêr ûnderwerp te hâlden? Itselde jildt foar de 200,- euro foar in skôging of essee: it minimumbedrach is fierstente min. De 150,- euro foar in gedicht of kranteresinsje leit dan wer (fier) boppe de tariven dy’t kranten en blêden no útbetelje. Nim my net kwea ôf: wa betinkt dat de publikaasje fan in inkeld fers méar opsmite moat as it tarieden en útsprekken fan in lêzing?

Utstel B giet oer kontrakten en it winsklike útbeteljen, troch de útjouwer, fan de helte fan de royaltys dy’t in skriuwer krije soe as de hele earste oplaach ferkocht rekket. Dat liket net sa gek, al mien ik te witten dat dat yn alle gefallen by dichtbondels oant sa. 2006 gebrûklik wie. Hjir wurdt dus pleite foar werstel fan in fanâlds besteande sitewaasje. Prima.

It is útstel C dat ús wekker skodjze moatte soe. It idee beslacht trije fan de fiif siden fan it hiele dokumint. De kop by C is: ‘Ekstra honorarium en pakkende promoasje foar regelmjitich te ferskinen “lekker lêsbere” boeken.’

Koartsein: Boeken fan Fryslân (dat is yn ’e praktyk inkeld mar de Afûk, want de oare útjouwers dogge al lang net mear mei yn it stichtingsbestjoer) wiist in trijekoppige ‘ûnôfhinklike’ lêskommisje oan, besteande út ‘in lêzer, in boekferkeaper, in biblioteekmeiwurker’. Dy lêskommisje kiest út it oanbod fan boeken op kommendewei minimaal seis titels, dy’t dan ekstra promoasje krije, fersoarge troch Boeken fan Fryslân. De útkarde boeken binne jierliks minimaal trije en maksimaal fjouwer romans, ien ‘oarspronklike dichtbondel’ en ien of twa boeken út de kategoryen jeugd, oerset, ferhalen of non-fiksje. En as klap op de molkbus: de skriuwer fan sa’n útkeazen titel krijt 5000,- euro boppe op wat er mei syn útjouwer ôfpraat hat.

Wolja man. 5000,- euro is de helte fan wat tsjintwurdich nei in Gysbert Japicxpriiswinner oermakke wurdt. Yn myn lytse wrâld is dat, wat, twa kear in knappe occasion dêr’t ik tsien jier yn autoride kinne soe? Serieus jild dus foar in jierliks groepke fan ‘lekker lêsbere’ skriuwers, ferdield troch in Afûk-kommisje.

De ratio fan útstel C is dat der tsjintwurdich net genôch ‘lekker lêsbere’ boeken ferskine (probleem) en dat dy sitewaasje feroarje c.q. ferbetterje sil (oplossing) troch it oanbieden fan ‘ekstra promoasje’ en in hieleboel jild foar de skriuwers fan sokke boeken. Tsjin dy premisse binne twa beswieren yn te bringen.

Op it foarste plak dy ‘ekstra promoasje’: wêrom docht Boeken fan Fryslân alias de Afûk net gewoan it wurk dêr’t er foar oprjochte is, dat is, boeken promoatsje? As BfF/Afûk mient dêr op dit stuit net foldwaande middels foar te hawwen, wêrom kloppet BfF/Afûk dan net gewoan oan by de Provinsje?

Op it twadde plak sprekt út dit útstel de ferwachting dat de foarse ekstra jildlike beleanning fan ‘lekker lêsbere’ skriuwers foar it skriuwen fan ‘lekker lêsbere’ boeken liede sil ta méar ‘lekker lêsbere’ skriuwers en dito boeken. Is dat net in fersin? Is it net sa dat wy yn it Fryske taalgebiet domwei net méar fan sokke boeken produsearje kinne, simpelwei om’t der net genôch Fryske skriuwers binne c.q. net genôch Fryske skriuwers dy’t nocht hawwe oan it skriuwen fan sokke boeken? As dat sa is, dan helpt dy – efkes rekkenje – 30.000 euro ekstra skriuwersfergoeding alle jierren dus hielendal nul noppes. As dat sa is, dan bedarret it ekstra jild fierstente faak yn de bûsen fan itselde lytse groepke.

Der is noch in oar dreech punt oan útstel C. Dat is de seleksje fan titels. It Skriuwersboun wol dêr in kommisje foar yn it libben roppe fan trije eins deagewoane lêzers. Mar skriuwers, útjouwers en BfF witte sels ek wol watfoar soarte literatuer kâns makket op in bredere fersprieding as oare. Dêr hawwe se gjin ‘boekferkeaper’ en ‘biblioteekmeiwurker’ mei riante ‘frijwilligersfergoeding’ by fanneden.

Wat de ynstelling fan sa’n kommisje en de yntroduksje fan útstel C yn ’e praktyk wol docht, is in heleboel ûnrêst feroarsaakje ûnder útjouwers en skriuwers dy’t it net iens binne mei de jierlikse list fan ‘The Lucky Six’. En rekkenje dan ek mar op échte ûnrêst, want it giet ommers net om neat. It giet om bergen jild.

Utstel C is dus net in goed idee, it is in oerstallich en skealik idee.

Neat hâldt BfF tsjin om te promoatsjen wat se wolle, sa’t it no is. Dêr is it gjin oplossing foar. En wat de skriuwers oanbelanget: as it Skriuwersboun sa graach mear jild nei skriuwers ta hawwe wol, wêrom dat dan net foar allegear regelje fia de wenstige provinsjale boeksubsydzjes? Dan hawwe skriuwers der ek wat oan dy’t net fan doel binne om Hilda Talsma en Ferdinand de Jong nei te aapjen, en dan hoecht it Boun ek net sa útdruklik te biddeljen om ‘solidariteit’ fan syn oansletten leden.

Want dan wurdt in folle begrypliker solidariteit yn stelling brocht, nammentlik de solidariteit fan de ‘grutten’ (kwa ferkeap) mei de ‘lytsen’, ynstee fan oars-, ik bedoel ferkeard, om.

  • N.B. It Skriuwersboun kin alfêst de ferline jier om frege ‘frijwilligersfergoeding’ foar bestjoersleden wol ynboeke: it briljante idee om oan boekpromoasje op billboards te dwaan krijt grif 15.000 euro fan stimfanfryslân (lês: de Provinsje).
Oernommen fan seedyksterfeartfisk.blogspot.com.
april 9, 2022 12:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.